Tsjerke fan de Hillige Apostels (Kapernaüm)

De Gryksk-otterdokske Tsjerke fan de Hillige Apostels (Hebriuwsk: כנסיית השליחים; Gryksk: Εκκλησία Αποστόλων) is de katolikon fan it Gryksk-otterdokske Kleaster fan de Hillige Apostels yn Kapernaüm. It gebou stiet by de resten fan it bibelske Kapernaüm (Kfar Nachum) oan de kant fan de Mar fan Galiléa yn Israel, likernôch 150 meter eastlik fan de Fransiskaanske Sint-Petrustsjerke.

Apostelstsjerke

כנסיית השליחים

bouwurk
lokaasje
lân Israel
plak Kapernaüm
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1927-1931

Bytiden wurdt de tsjerke ek wol Tsjerke fan de Sân Apostels neamd, neffens de sân dissipels dy't yn Jehannes 21:1-2 neamd wurde, mar de offisjele wijing is oan de tolve apostels fan Jezus. Om de tsjerke te ûnderskieden fan it Fransiskaanske kleaster yn it súdlike diel fan Kapernaüm wurdt er ek wol ienfâldich de Gryksk-otterdokske tsjerke fan Kapernaüm neamd.

Skiednis bewurkje seksje

 
Ynterieur tsjerke

Yn 1838 fûn de Amearikaanske geolooch Edward Robinson âlde ruïnes oan de noardlike kant fan de Mar fan Tiberias. Hy assosjearre de ruïnes lykwols doe noch net mei it bibelske Kapernaüm. Dat die de Brit Charles William Wilson (1836-1905) yn 1866, dy't op de lokaasje in lyts argeologysk ûndersyk útfierde en de ruïnes beluts op de stêd fan Jezus.

Yn 1894 koe de Fransiskaanske pater Giuseppe Baldi út Napels likernôch twatredde fan it lân fan Bedoeïnen oerkeapje. De Fransiskanen lieten de ruïnes gau ôffreedzje om se sa te beskermjen tsjin it jimmeroan faker foarkommende fandalisme. It oare tredde diel oan de eastlike kant kaam yn hannen fan it Gryksk-otterdokske Patriargaat, dat yn de jierren 1927-1931 it Kleaster fan de Tolve Apostels bouwe liet.

Nei de earste Israelyksk-Arabyske Kriich stie it kleaster yn 1949 yn in demilitarisearre sône, dy't ûnstien wie troch de Israelysk-Syryske wapenstilstân. Yn dy tiid wenne der yn it ferlitten kleaster in Druzyske hûshâlding; de tsjerke tsjinne foar koarte tiid as skuorre. Yn 1969 kaam der in Grykske muonts en dy sette útein mei de renovaasje fan it gebou. It kleaster stiet hjoed-de-dei leech en wurdt troch in Gryk beheard.

Beskriuwing bewurkje seksje

It krúsfoarmige gebou is oerdutsen mei twa sintrale koepels en seis lytsere dêr omhinne, allegear yn it read en bekroand mei in krús. Under de koepels binne rûne finsters foar it ljocht ynbrocht. Yn de tsjerke stiet in ryk bewurke ikonostase fan read moarmer en de muorren binne mei fresko's fan bibelske foarstellings dekorearre. De fresko's binne troch skilders út Grikelân oanbrocht. Yn de twa grutste koepels wurde Jezus mei âldtestamintyske profeten en Jezus mei Mozes en hilligen ôbylde. By it kleaster leit in moaie tún mei in soad beammen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: