Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Pyzji

De Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Pyzji (Russysk: Церковь Николая Чудотворца, что в Пыжах) is in otterdokse tsjerke fan it Moskvoretsky dekanaat yn it bisdom Moskou. It 17e-iuwske ryk dekorearre monumint stiet oan 'e Ulitsa Bolshaja Ordynka yn it Moskouse distrikt Zamoskvoretsje.

Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Pyzji

Николаевская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres Ul. Bolshaja Ordynka
koördinaten 55° 44' N 37° 37' E
Arsjitektuer
arsjitekt Dmitri V. Uchtomski
boujier 1672
boustyl Tradisjoneel Russyske arsjitektuer
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7710546002
Webside
vpyzhax.ru
Kaart
Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Pyzji (Moskou)
Tsjerke fan de Hillige Nikolaas yn Pyzji

Skiednis bewurkje seksje

In earste houten tsjerke op it plak datearre út 1594 en waard nei alle gedachten tagelyk boud mei de stifting fan 'e wyk foar it Strelets-rezjymint. Yn 'e twadde helte stie it hjir stasjonearre rezjimint ûnder befel fan Potap Klementevitsj Pyzjov, dy't syn namme oan it gebiet joech. De bou fan 'e tsjerke giet werom op it jier 1672 (of neffens oare boarnen op 1657). Yn 1691 waarden der kapellen oanboud ta eare fan Antonius en Teodosius en ta eare fan Nikolaas. Alhoewol't it haadalter fan 'e tsjerke wijd oan 'e erkundiging wijd waard, krige de tsjerke de namme Nikolaastsjerke. De klokketoer waard yn 'e jierren 1691-1692 boud.

Nei de ferwoastging fan 'e tsjerke yn 1812 fûn der sûnt 1848 in desinnia duorjende restauraasje plak.

Yn 'e Sovjettiid waard de tsjerke yn 1934 sletten, nei't de tjerke al earder yn 'e jierren 1920 plondere wie. In ikoan fan Kristus Pantokrator waard oerdroegen oan 'e Tretjakovgalery. De klok waard nei it Bolsjojteater brocht en letter troch de katedraal fan Jelochovo oanskaft, nei't de âlde tsjerkeklok sprongen wie. Ferskillende organisaasjes makken yn dy tiid gebrûk fan 'e tsjerke.[1]

Yn 1990 krige de Russysk-Otterdokse Tsjerke it gebou werom. Regelmjittige tsjerketsjinsten wurde wer sûnt 11 july 1991 fierd. De resinte ikonostaze waard makke troch I.V. Klimenko en yn 'e Nikolaaskapel binne muorrefresko's út de 19e iuw fan A. Sokolov.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Святителя Николая в Пыжах