Tsjerke fan de Ikoan fan de Mem Gods (Saratov)

De Tsjerke fan de Ikoan fan de Mem Gods (fan it type "Fersêftsje myn lijen"; Russysk: Храм в честь иконы Божией Матери "Утоли моя печали") is in Russysk-otterdokse tsjerke yn Saratov, Ruslân. De tsjerke waard tusken 1904 oant 1906 by it paleis fan de biskop boud yn it sintrum fan de stêd en is tsjintwurdich ien fan de monuminten fan de stêd.

Tsjerke fan 'e Ikoan fan de Mem Gods

Храм в честь иконы Божией Матери "Утоли моя печали"

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Saratov
plak Saratov
koördinaten 51° 31' N 46° 02' E.
Arsjitektuer
arsjitekt Pjotr Mitrofanovitsj Zibin
boujier 1904-1906
Webside
Side tsjerke
Kaart
Tsjerke fan de Ikoan fan de Mem Gods (Saratov)
Tsjerke fan de Ikoan fan de Mem Gods

Skiednis bewurkje seksje

De tsjerke waard as hûskapel foar de biskop troch de Russyske arsjitekt Pjotr Mitrofanovitsj Zibin boud. De bou fan 'e tsjerke, mei mar ien alter, sette útein yn 1904 en waard foltôge yn 1906. De deistige tsjinsten yn 'e tsjerke waarden fersoarge troch de bruorskip fan it biskoplike paleis, dy't oan it begjin fan 'e 20e iuw 16 muontsen en 13 novisen telde.

 
Mozayk.

Yn 'e Sovjet-tiid waard de tsjerke net ôfbrutsen en foar it measte yn 'e oarspronklike steat holden, mar lykas in soad oare tsjerken yn Ruslân krige it gebou in oare funksje en tsjinne it gebou yn dy tiid as it planetarium fan Saratov.

Yn 'e jierren 1960 waarden yn opdracht fan 'e oerheid de kristlike symboalen fan 'e tsjerke ferwidere, mar yn 1965 tsjinnen aartsbiskop Pimen en de biskop fan Saratov-Volgograd in fersyk yn om 'e tsjerke op kosten fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke te restaurearjen. De autoriteiten wiene ferbjustere oer it útstel; yn dy tiid wie it renovearjen fan eardere tsjerkegebouwen taboe en it ûnfoege útstel om tsjerklike stipe waard dan ek ôfwiisd. Mar de brieken dochs oare tiden oan en der wie beweging yn 'e hâlding foar de tsjerken oer. Sa joech it Utfierend Komitee dochs opdracht om wat kosmetyske reparaasjes oan it planetarium út te fieren. De earste sekretaris fan it regionale partijkomitee A.I. Sjibaev ferliende sels op eigen manneboet tastimming om de krusen fan de draaide sipels werom te setten. Mei de rekonstruksje fan 'e sipel op 'e spits waard letter ek it fergulde krús op it heechste punt fan 'e tsjerke werom set. Sûnt dy tiid is de tsjerke ien fan 'e toeristyske attraksjes fan Saratov.

Weromjefte bewurkje seksje

Yn 1990 folge de weromjefte fan 'e tsjerke oan it bisdom. It bisdom liet in oan Sergius fan Radonezj wijde sydkapel tafoegje om dêr it alter fan it oan it begjin fan 'e jierren 1960 sletten seminaarje ûnder te bringen. It ynterieur waard opknapt en renovearre en in nije klokketoer waard tafoege.

Yn 'e jierren 2004-2008 folge in grutte restauraasje fan 'e tsjerke. De tsjerke krige in ikonostaze yn âldrussyske styl en in nij doopfont, dêr't neffens de otterdokse tradysje yn ûnderdompele wurde kin. Ek waard it ferwulft rekonstruearre en binne de spitsen mei koper belein.

De bibleteek fan de parochy is ien fan 'e bêste fan it hiele bisdom Saratov en hat sa'n 8.500 titels.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: