Tsjerke oan de Fok

De Tsjerke oan de Fok is in tsjerkegebou (Fok 48) op It Hearrenfean.

Tsjerke oan de Fok
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean
plak It Hearrenfean
adres Fok 48
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1867, 1910
boustyl Neoklassisisme
offisjele webside
Side PKN It Hearrenfean

De neoklassisistyske tsjerke waard yn 1867 boud foar de herfoarme gemeente yn de eardere gemeente Aenjewier. De toer waard om 1910 hinne boud en yn de jierren 1950 waard oan de sealtsjerke in porteal boud. Yn de tsjerke binne yn de jierren 1920 seis brânskildere ramen set fan it Delftske glêsatelier fan Jan Schouten dy't de deugden as motyf ha.

De tsjerke heart noch ta de Protestantske Wykgemeente It Hearrenfean, mar is mei de bou fan it nije tsjerklike sintrum Trinitas oerstallich woarn. Yn 2012 waard de tsjerke sletten en te keap set en yn 2018 ferkocht. Yn 2020 binne der yn it gebou sân hierapparteminten realisearre.

Oargel Bewurkje

 
Oargel

Yn de tsjerke stiet in oargel fan L. van Dam út Ljouwert. It út 1872 datearjende ynstrumint waard yn 1961 restaurearre troch Bakker & Timmenga.

Sjoch ek Bewurkje

Keppeling om utens Bewurkje