Tunbridge Wells
Royal Tunbridge Wells, gewoanwei ôfkoarte as Tunbridge Wells is in plak yn it distrikt Tunbridge Wells, yn it Ingelske greefskip Kent, net fier fan de grins mei East-Susseks en sa'n 64 km súdeast fan sintraal Londen.
Royal Tunbridge Wells | ||
Sintrum fan Tunbridge Wells | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Regio | Súdeast Ingelân | |
Greefskip | Kent | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 56.500 (2008) | |
Offisjele webside | ||
Tunbridge Wells |
De namme ferwiisd nei genêskrêftige wellen dêr't it plak syn ûntstean oan te tankjen hat. Yn 1909 joech Kening Edward VII it plak it predikaat Royal.
Dêr berne
bewurkje seksje- Ottoline Morrell (1873-1938), Britske aristokrate en mesenas
- Victor McLaglen (1886-1959), Britsk-Amerikaansk bokser en akteur
- Alec McCowen (1925), Britsk akteur en toanielregisseur
- Adrian Plass (1948), Britske skriuwer
- Shane MacGowan (1957), Iersk muzikant
- Charity Wakefield (1981), Britsk aktrise
- Jonathan Kennard (1985), Britsk autokûreur
Dêr stoarn
bewurkje seksje- Thomas Bayes (1702-1761), Britsk wiskundige en presbyteriaansk predikant
- Francis Hepburn (1779-1835), Britsk majoar-generaal
- William Thomas Brande (1788-1866), Britsk gemikus
- William Sholto Douglas (1893-1969), Britsk offisier yn de Royal Air Force
- Annunzio Paolo Mantovani (1905-1980), Britsk dirigint fan Italjaansk komôf