De twasidigen (Latynske namme: Bilateria) foarmje in tuskenryk fan it ryk fan 'e dieren (Animalia) en it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa). Ta dizze groep hearre bisten mei in twasidige symmetry; d.w.s. alle bisten dy't behalven in ûnder- en in boppekant ek in foar- en in efterein hawwe, yn tsjinstelling ta bygelyks kwabben, dy't wol in ûnder- en in boppekant hawwe, mar gjin foar- of efterein. Sadwaande wurde ûnder de twasidigen alle libbene bisten beflapt, útsein de radiaaldieren (Radiata), dy't de netteldieren en ribkwabben omfiemje, en fierders de spûnsdieren (Parazoa) en de sturtselligen (Choanoflagellata).

Twasidigen
Yllústraasje fan 'e ûnderskate soarten symmetryske libbensfoarmen yn it Field Museum, yn Chicago.
Yllústraasje fan 'e ûnderskate soarten symmetryske libbensfoarmen yn it Field Museum, yn Chicago.
Taksonomy
domein: eukaryoaten (Eukaryota)
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eurmetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
Hatschek, 1888

Op 'e platwjirms (Platyhelminthes) en de toskmûlwjirms (Gnathostomulida) nei hawwe alle twasidigen in folslein spiisfertarringsstelsel, mei aparte mûl- en anusiepenings. Guon groepen twasidigen, op 'e nij de platwjirms en toskmûlwjirms en ek de bûkhierrigen (Gastrotricha), hawwe gjin lichemsholten, wylst har by alle oare groepen yn gruttere of mindere mjitte lichemsholten ûntjûn hawwe. It ierst bekende fossyl fan in twasidige is de Kimberella dy't datearret fan 555 miljoen jier lyn. Men giet derfan út dat de twasidigen har as groep ûntwikkele hawwe yn it Protearosoïkum, sa'n 850 miljoen jier lyn.

Klassifikaasje bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.