Undercoveroperaasje

In undercoveroperaasje of ûnder de dekmantel gean is in wurkwize wêrby't men jins eigen identiteit ferberget troch it oannimmen fan in fiktive identiteit, mei as doel om it fertrouwen te winnen fan in persoan of organisaasje en sa geheime ynformaasje te krijen of te befêstigjen, of bewiismateriaal te sammeljen fan strafbere feiten of misstannen. De term komt út it Ingelsk en betsjut in operaasje wêrby't men "ûnder dekmantel" of "ûnder momkape" (undercover) giet. Undercover gean is in technyk dy't tradisjoneel in protte brûkt wurdt troch de plysje, geheime tsjinsten en privee-detektives, mar dêr't ek sjoernalisten en lju dy't wurkje yn opdracht fan grutte bedriuwen wol gebrûk fan meitsje. It is in wurkwize dy't sterk oerhinget nei spionaazje. Dejinge dy't undercover giet, kin oantsjut wurde as in undercoveragint, mar ôfhinklik fan 'e omstannichheden ek as in spion.

Resjersjeurs fan Scotland Yard by in undercoveroperaasje yn 'e haven fan Londen yn 1911.

Skiednis bewurkje seksje

Undercoverwurk hat in lange skiednis, mar it earste organisearre (sij it ynformele) undercoverprogramma fan in moderne plysjetsjinst waard oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw yn Frankryk brûkt troch kriminolooch Eugène François Vidocq, fan 'e ein fan 'e Napoleontyske tiid oant de ein fan 'e Boerbonrestauraasje (1814-1830). It begûn yn 1811, doe't Vidocq in ynformele plysje-ienheid yn boarger opsette dy't de namme Brigade de la Sûreté ("Feilichheidsbrigade") krige. Dy waard letter omfoarme ta in resjerzje-ienheid ûnder de Prefektuer fan de Plysje. De Sureté, sa't de ienheid yn 'e folksmûle neamd waard, hie oarspronklik mar acht leden, en yn 1824 wiene der noch mar 28. In grut diel dêrfan bestie út eks-kriminelen, krekt as Vidocq sels.

Vidocq naam persoanlik de training fan syn aginten op him, en socht ek sels altyd de juste momkape foar harren út. Sels naam er ek diel oan undercoveroperaasjes, en syn autobiografy stiet fol mei anekdoates oer hoe't er kriminelen te fluch ôf wie troch him foar te dwaan as bidler of as in âldman dy't troch syn frou bedragen waard. Hy sette sels syn eigen dea ris yn sêne.

Yn Ingelân waard de earste moderne plysjetsjinst yn 1829 oprjochte troch sir Robert Peel; dat wie de Metropolitan Police fan Londen. Fan it begjin ôf oan sette dy út en troch undercoverresjersjeurs yn, mar der bestie in protte eangst ûnder de befolking dat sok foech brûkt wurde soe foar politike ûnderdrukking. Foar in part om dy soarch wei te nimmen waard yn 1845 yn 'e offisjele Police Orders fêstlein dat alle undercoveroperaasjes tenei spesifyk goedkard wurde moasten troch de superintendant. Pas yn 1869 stifte plysjekommissaris Edmund Henderson in formele resjerzjedifyzje yn boarger.

De earste moderne resjerzje-ienheid yn it Feriene Keninkryk wie de Special Irish Branch, dy't yn 1883 oprjochte waard as reäksje op in kampanje fan bomoanslaggen troch de Ierske Republikeinske Bruorskip. De Special Irish Branch wie de earste plysje-ienheid yn 'e wrâld dy't traind waard yn 'e bestriding fan terrorisme. De namme waard feroare yn Special Branch doe't de ienheid in algemienere rol krige by de bestriding fan alderhanne soarten terrorisme en de aktiviteiten fan bûtenlânske geheime tsjinsten, en ek by ynfiltraasje fan 'e organisearre misdie. Oare plysjetsjinsten yn it Feriene Keninkryk rjochten neitiid harren eigen Special Branch op.

De plysje yn 'e Feriene Steaten makke in soartgelikense ûntwikkeling troch doe't yn 1906 troch kommissaris William McAdoo, fan it New York Police Department, it saneamde Italian Squad oprjochte om 'e aktiviteiten fan 'e maffia yn 'e earme wiken fan Italjaanske ymmigranten te bestriden. Nei dat foarbyld waarden troch in soad oare Amerikaanske plysjetsjinsten koarte tiid letter eigen undercoverienheden oprjochte, en yn 1908 folge de oprjochting fan 'e Amerikaanske federale resjerzjetsjinst FBI.

Justisjele opspoaringsmetoade bewurkje seksje

Plysje en justysje brûke undercoveroperaasjes as opspoaringsmetoade. It 'yn boarger gean' is dêrby de ienfâldichste foarm; dat hâldt yn dat plysjeminsken net yn unifoarm klaaid binne, mar yn boargerklean. Hoewol't dan uterlik net te sjen is dat it om in plysje yn funksje giet, kin de plysje yn kwestje him- of harsels altyd legitimearje mei syn of har plysjelegitimaasjebewiis. In plysje yn boarger draacht de by de funksje hearrende taris, lykas hânboeiens en pistoal, ûnder de klean, sadat se foar omstanners net opfalle. Benammen de resjerzje giet in protte 'yn boarger'.

In fierdergeande foarm fan undercoveroperaasjes is as in plysje him- of harsels foardocht as in krimineel om 'fan binnenút' ynformaasje oer bgl. in binde te sammeljen. Soks wurdt ek wol oantsjut as ynfiltraasje. Dêrby kin it gean om in koart duorjende undercoveroperaasje, fan heechút in pear wiken, oant operaasjes dy't soms wol jierren duorje kinne. By koart duorjende undercoveroperaasjes kin de plysje dy't undercover giet faak jûns gewoan nei hûs gean en thús sliepe. By langer duorjende operaasjes giet it faak om saneamde 'djippe' undercoveroperaasjes, wêrby't de plysje dy't undercover giet fjouwerentweintich oeren deis, sân dagen yn 'e wike yn 'e oannommen rol fan 'e krimineel bliuwt, en mar út en troch kontakt hat mei syn kollega's om ferslach te dwaan fan nije ûntdekkings. Om as oannimlik krimineel oer te kommen kin it needsaaklik wêze dat in plysje dy't undercover is, strafbere feiten begiet. In spesjale foarm fan ynfiltraasje is it temûk oernimmen, troch de plysje, fan in kriminele webside.

Undercoverwurk is oan betingsten bûn. De oerheid jout mei wetlike en oare regelings oan hoefier't plysje en justysje gean meie by sokke operaasjes. Hoefier't dat krekt is, ferskilt per lân.

Sitewaasje yn Nederlân bewurkje seksje

Yn Nederlân is in undercoveroperaasje as opspoaringsmetoade inkeld ûnder tige strange betingsten tastien. De regels dy't dêrfoar jilde, binne beskreaun yn it bysûnder opspoaringsfoech fan 'e plysje yn it Wetboek fan Straffoardering.

Ynfiltraasje-aktiviteiten wurde yn Nederlân allinnich mar útfierd troch in spesjale ienheid fan 'e Nasjonale Plysje, mei de namme Wurkjen ûnder Dekmantel (WOD) fan 'e Tsjinst Spesjalistyske Resjerzje Tapassings (DSRT). Behalven de eigentlike ynfiltraasje is de WOD ek ferantwurdlik foar de ferwurking fan 'e ynsammele ynformaasje, it dwaan fan sabeare oankeapen fan yllegaal guod en it bieden fan adekwate stipe oan 'e ynfiltrant.

Ynfiltraasje troch plysjefunksjonarissen en troch net-kriminele boargers is wetlik tastien. It foar dat doel oanstjoeren fan in kriminele boargerynfiltrant is lykwols ferbean, útsein as it giet om 'e opspoaring fan terroristyske misdriuwen. Der is yn 'e Nederlânske polityk in diskusje geande oft de ynset fan kriminele boargerynfiltranten net foar alle soarten opspoaringsdoelen tastien wurde moat.

Steatsfeilichheid bewurkje seksje

Njonken de plysje meitsje ek geheime tsjinsten gebrûk fan undercoveraginten, om persoanen en organisaasjes yn 'e rekken te hâlden dy't as steatsgefaarlik beskôge wurde. Dêrby giet it bygelyks om terroristyske organisaasjes, mar ek om geheime tsjinsten fan oare lannen. Militêre en oare ynljochtingetsjinsten brûke ek undercoveraginten om (militêre) ynformaasje yn en oer oare lannen te sammeljen. Soks wurdt ornaris oantsjut as spionaazje en de aginten dy't it dogge as spionnen.

Sjoernalistyk en media bewurkje seksje

Undersykssjoernalisten en dokumintêremakkers geane soms undercover om trochkringe te kinnen ta sosjale fermiddens of lokaasjes dy't oars ûntagonklik binne. It doel is dêrby om maatskiplike ûntwikkelings te ûndersykjen, dêr ferslach fan te dwaan en sa eventueel de ûntdutsen misstannen oan 'e kaak te stellen. By sok wurk meitsje se harsels dan net bekend as sjoernalist, en brûke se faak ferburgen kamera's en/of oare opname-apparatuer om harren befinings fêst te lizzen. Yn gefallen dat soks nedich is, feroarje se har uterlik of meitsje se gebrûk fan in skûlnamme (bgl. op ynternetfoara). Foarbylden fan ûndersykssjoernalisten dy't sok wurk dien hawwe, binne Peter R. de Vries, Alberto Stegeman en Stella Braam.

Beskerming tsjin undercoveroperaasjes bewurkje seksje

It oannimmen fan in oare identiteit foar in undercoveroperaasje is op himsels net strafber. Sa mei in lobbyist him foardwaan as in sjoernalist om ynformaasje te sammeljen. Mar sadree't it undercover gean brûkt wurdt om immen te beneidieljen, begiet men der strafbere feiten mei, lykas smaad, sjantaazje, ferfalsking op skrift, oplichting, ensfh.

Privacy bewurkje seksje

Undercoverwurk troch plysje, geheime tsjinsten en sjoernalisten botst gauris mei de privacy en belangen fan organisaasjes, bedriuwen en boargers. Dêrom jilde foar opspoaringstsjinsten strange wetlike regels oangeande wannear en hoefolle oft undercoverwurk ynset wurde mei. Foar sjoernalisten jildt dat se har hâlde moatte oan 'e privacywetjouwing en dat in beneidielde nei de rjochter stappe kin om publikaasje of útstjoering fan in troch undercoverwurk ta stân kommen nijsitem foar te kommen of om skeafergoeding te easkjen. De rjochter moat dan ôfweagje oft it maatskiplik belang dat tsjinne wurdt mei it bekendmeitsjen fan 'e troch undercoverwurk krigen ynformaasje wichtiger is as de skeining fan 'e belangen fan in organisaasje of bedriuw, of fan 'e skeining fan 'e privacy fan ien of mear boargers.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.