Unyrugby
Unyrugby (Rugby Union) is de sport dy't ornaris allinnich Rugby neamd wurdt, of Rugby Fuotbal. It is in fuotsport, ûntstean doe't de oarspronklike fuotbalsport him opdielde yn in rjochting dêr't in gewoane spiler de bal net mei de hân oanreitsje mocht, Assosjaasje fuotbal en ien dêr't dat al tastien wie, Rugby fuotbal. Alle oare fuotsporten dêr't de bal fêstholden wurde kin, binne fan de earste foarm fan Unyrugby ôflaat.
Unyrugby wurdt spile mei in wat sylindryske bal, dy't troch de spiler fêstholden wurde mei wylst er rint. De bal mei lykwols net nei foaren goaid wurde, wat it spul syn karakteristyk beweging fan ferskate spiler op in rige.