Ursula fan Beckum

Ursula fan Beckum (Werdum (Dútslân), ?Delden (Nederlân), 13 novimber 1544) Is in frou dy't feroardiele waard ta de dea fanwegen ketterij.

Libben bewurkje seksje

Komôf bewurkje seksje

Ursula fan Beckum is berne yn Werdum, se kaam fan adel. Ursula fan Beckum wie de dochter fan Ulrich fan Werdum en Armgard fan Fikensolt.

Houlik en gesin bewurkje seksje

Ursula fan Beckum troude op 12 juny 1538 mei Johan fan Beckum dit houlik bleau sûnder bern. Tegearre wennen se yn Diepenheim yn havezate Nijenhuis.

Libbensrin bewurkje seksje

Maria fan Beckum wie de skoansuster fan Ursula fan Beckum. Maria fan Beckum wie op ‘e flecht om ‘t se in oare miening hie oer it geloof. Ursula en Johan lieten harre foar in tiidsje by harren wenje. Mar op 31 maaie 1544 waard Maria fan Beckum dochs noch gefangen naam, Ursula fan Beckum beslute mei te gean om ‘t se meilijden hie mei Maria. Yn Deventer waarden de susters oerhearre en dêrút die bliken dat se ketterers wiene. Om ‘t de susters dizze mieningen hiene, waarden se ta de dea feroardiele.

Lettere jierren en ferstjerren bewurkje seksje

Op 13 novimber 1544 waarden beide susters libbend ferbaarnd yn Delden. Maria fan Beckum waard as earste libbend ferbaarnd, hjirnei boaden se Ursula fan Beckum noch in kâns oan om pynleas te stjerren troch har mei in sweard te fermoardzjen, mar Ursula woe op deselfde wize deagean as har suster, dus ek Ursula fan Beckum waard libben ferbaarnd.

Keppelings om utens bewurkje seksje