VLF stjoerder DHO38

De VLF stjoerder DHO38 is in ynrjochting fan de Dútske Marine yn it Sealterlân, dy't tusken 1977 en 1982 boud waard. De ynrjochting bestiet út 8 stjoermêsten. De mêsten binne om 1980 hinne boud en stiene yn it gebiet fan it Sealterlânske westfean sa'n 3 km fan it doarp Roomelse ôf, op de grins mei de eastfryske gemeente Eastrauderfean. De mêsten hawwe in hichte fan 352,8 m en binne de heechste bouwurken fan de Fryslannen en de heechste begeanbere bouwurken fan hiel Europa. De stjoerders binne foar de kommunikaasje mei de ûnderseeërs fan oare NATO-lannen.

de stjoerder-mêsten

It gebiet is beskerme troch de Dútske Marine en is mei in heech stek ôfsetten. It hat in grutte fan 540 hektare. It is in beskerme natoergebiet mei in grut ferskaat oan floara en fauna. Der binne likernôch 34 soarten briedfûgels.

Keppeling om utens

bewurkje seksje