Haadmenu iepenje

Fuotbalferiening Haulerwyk

(Trochwiisd fan VV Haulerwyk)

Fuotbalferiening Haulerwyk wie in fuotbalklup út Haulerwyk, oprjochte op 30 novimber 1936. It earste team spile yn 2008 yn de 4e Klasse Snein, dêr't it yn 2006 hinne promovearre wie fan de 5e klasse. Tegearre mei Haulerwykske Boys hie VV Haulerwyk in jeugdferiening HJC, Haulerwykse-Jeugd-Combinatie.

De sportakkomodaasje hie 3 fjilden en in treningsfjild (4 fjilden). Op 1 july 2015 fúsearre VV Haulerwyk mei Haulerwykske Boys ta Sportferiening Haulerwyk.

EarelistBewurkje

Kampioen Fjirde klasse: 1953, 1954, 1964, 1972
Kampioen Fyfde klasse: 2014
Winner Eaststellingwerfcup: 2008, 2009

Keppeling om utensBewurkje