Van Panhuyskanaal

It Van Panhuyskanaal is in kanaal yn de gemeente Súdwest-Fryslân, dat op 9 april 1878 iepene waard. It rint fan de Warkumer Feart besuden Tsjerkwert nei it noardwestlik lizzende Makkum. Earst benoarden Rytseterp en Fjouwerhuzen lâns de Polder Ritsebuorren en noard fan Allingawier. Yn de wei tusken Allingawier en Eksmoarre leit in brêge. Op it kanaal komme de Makkumer Feart (by Kakeshoek) en de Lytse Sylroede út. It kanaal rint dan troch Makkum en komt út yn de Iselmar.

Van Panhuyskanaal by de brêge tusken Allingawier en Eksmoarre. Sicht yn eastlike rjochting
Kaart omjouwing

It kanaal is neamd nei Johan Æmilius Abraham van Panhuys. It leit ek yn de polder Makkumermar. De namme Van Panhuyskanaal jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme.

Yn 2008 is it kanaal yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt fan de provinsje Fryslân ferdjippe en útbaggere. It kanaal koe dêrnei befearn wurde troch skippen mei in djipgong fan 1.90 m. Yn maart 2007 waard mei it wurk út ein set. Der wie opûnthald troch de fynst fan munysje út de oarloch wat earst ferwidere wurde moast.