van Wad tot Stad

(Trochferwiisd fan Van Wad tot Stad Media)

Van Wad tot Stad (stilearre as van Wad tot Stad, mei de earste letter lyts) is in streekblêd dat fergees hûs oan hûs besoarge wurdt yn 'e noardwesthoeke fan Fryslân. It krantsje waard yn 1997 oprjochte en affisjearret him op 'e foarside ûnder de titel as "de krante fan Frjentsjer, Harns, Sint-Anne, Stiens, Boalsert en omkriten". It blêd hat trochinoar sa'n tritich siden en berjochtet oer nijs, kultuer en sport yn it ferspriedingsgebiet.

van Wad tot Stad
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
sjenre streekblêd
frekwinsje 1x yn 'e wike
bestean 1997 – no
plak haadred. Frjentsjer (Fryslân)
útjouwer van Wad tot Stad Media
offisjele webside
www.vanwadtotstad.nl

Foarhinne beheinde de fersprieding fan van Wad tot Stad him ta de kuststripe fan It Bilt yn it noardeasten oant it noardlike part fan it âlde Wûnseradiel yn it súdwesten. Sûnt de oprjochting fan 'e nije gemeente De Waadhoeke wurde ek it âlde Menameradiel en guon doarpen yn it âlde Littenseradiel meinommen. Neffens van Wad tot Stad sels wie it yn 2018 "al 21 jier it bêst lêzen blêd fan Noardwest-Fryslân!"

Keppelings om utens bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • van Wad tot Stad, 23 maaie 2018, jg. 21, nû. 21, s. 1.