Vanellus (Vanellus vanellus is de Latynske namme foar de ljip) is it moanneblêd foar natoersport, natoerstúdzje en natoerbeskerming.

It ferfong op 1 jannewaris 1948 de meidielingenbledsjes dy't yn 1947 ferspriede waarden om de Fryske Fûgelbeskermingswachten te organisearjen. It wie earst in stinsile meidielingenblêd. Op 1 jannewaris 1949 koe it, mei steun fan it oprjochte Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten, It Fryske Gea, it Frysk Natoerhistoarysk Museum en de Nederlânske Natuerhistoaryske Feriening, yn druk ferskine. Yn it earstoan beheard troch in stifting waard it op 1 jannewaris 1955 eigendom fan it Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten en waard dêrnei bûnsorgaan.

Boarnen, noaten en referinsjes Bewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: