Victoria June

Amerikaansk pornografysk aktrise

Victoria June, echte namme ûnbekend (New York, 6 maaie 1992), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Latino-komôf. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Victoria Vice. June sette yn 2017 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Victoria June
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Victoria Vice
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 6 maaie 1992
berteplak New York (New York)
etnisiteit Dominikaansk
Portorikaansk
Spaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2017 – no
offisjele webside
Victoria June op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Victoria Vice waard yn 1992 berne yn 'e stêd New York. Se is fan mingd Dominikaansk, Portorikaansk en Spaansk etnysk komôf. June groeide op yn 'e New Yorkske boroughs Brooklyn en The Bronx, en brocht as famke ek geregeldwei tiid troch yn 'e Dominikaanske Republyk. Har basisûnderwiis folge se oan in roomske skoalle. Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, wurke se as ferpleechkundige by de thússoarch en ek bea se palliative soarch oan pasjinten op jierren yn in hospys.

Ut jildneed sette June útein mei in karriêre as stripper. Earst die se dat njonken har wurk as ferpleechkundige, mar neigeraden dat se der almar mear mei fertsjinne, sei se har oarspronklike baan op. Doe't se yn in nachtklub pornoaktrise Natalia Starr mette, dy't dêr as feature dancer aktyf wie, griep June dy kâns oan om mear te witten te kommen oer de pornoyndustry. Se besleat dat se it sels ek as pornoaktrise besykje woe, en mei help fan Starr, dy't har yn kontakt brocht mei de juste minksen, sette Victoria June útein mei in pornokarriêre. Se naam Mark Spiegler as ympressario yn 'e earm, en makke yn 2017, doe't se 25 jier wie, har debút yn in pornografyske film, yn in sêne mei akteur J. Mac.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie June mids 2019 yn krapoan hûndert pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Elegant Angel, Digital Playground, Wicked Pictures, Evil Angel, Adam & Eve en Jules Jordan Video. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Mile High Media, Girlfriends Films, West Coast Productions en Pure Play Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America. Under har karriêre hat June gearwurke mei kollega-aktrises as Brooklyn Chase, Nicolette Shea en Vanessa Sky, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, James Deen, Manuel Ferrara, Sean Lawless, Keiran Lee, Logan Long, J. Mac, Ramon Nomar, Toni Ribas, Johnny Sins en Lexington Steele.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Victoria June is in Latina mei in blanke hûdskleur, brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.61 m lang, mei in gewicht fan 49 kg, en cupmaat 32E, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Yn maaie 2018 liet se har fierders oan har noas operearje fanwegen swierrichheden mei it sykheljen troch de noas. Ofsjoen fan 'e wenstige gatsjes yn 'e earlellen hat June gjin piercings, en likemin hat se tatoeaazjes.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: