Vikingskipet
It Vikingskipet is de iisbaan fan Hamar. "Vikingskipet" betsjut it Wytsingeskip, fanwege de foarm fan de hal. It dak liket fan de bûtenkant nammentlik in omkeard Wytsingeskip. De iisbaan waard boud foar de Olympyske Winterspullen fan 1994 yn Lillehammer. Yn it Vikingskipet is ek in bandybaan, it is de thúsbaan fan de bandyklup Hamar IL bandy.
Vikingskipet | ||
![]() | ||
![]() | ||
Vikingskipet oan it mar Mjøsa | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | Innlandet | |
gemeente | Hamar | |
plak | Hamar | |
koördinaten | 60° 47′ N 11° 6′ E | |
algemiene ynformaasje | ||
type | keunstiisbaan | |
sporten | reedriden, Bandy | |
kapasiteit | 10,600 | |
type oerflak | iis | |
eigner | Gemeente Hamar | |
bou | ||
boubegjin | 1990 | |
iepening | 19 desimber 1992 | |
boukosten | 230 miljoen kr | |
arsjitekt | Niels August Torp Biong & Biong | |
kaart | ||

Skiednis
bewurkje seksjeDe iisbaan is ûntwurpen troch Niels August Torp en Biong & Biong en waard iepene op 19 desimber 1992. It kompleks koste 230 miljoen Noarske kroan (NOK). Yn Hamar wie earder in lokaasje foar ynternasjonale reedrydeveneminten yn it Hamar stadion. De bou fan die iisbaan begûn yn 1990. Doe't it iepene waard, hie it twa kear de taskôgerskapasiteit fan de Olympic Oval yn Calgary. De iisbaan waard foar it earst test op 15 desimber 1992, en offisjeel iepene op 19 desimber dat jier. Foarôfgeand oan de Olympyske Spullen hiene der yn 1993 trije wrâldkampioenskippen plak, it wrâldkampioenskip reedriden oer alles foar manlju, it wrâldkampioenskip bandy en it wrâldkampioenskip baanhurdfytsen. Foar dat lêste wie der in tydlike felodroom oanlein yn de hal. Dizze tydlike felodroom wie goedkeaper as de bou fan in permaninte felodroom yn Oslo, dêr't yn 1993 de wrâldkampioenskippen op de dyk holden wurde soene. It Vikingskipet soe ek de lokaasje foar it curling wêze, mocht it opnaam wurde yn it Olympysk programma. It wie in demonstraasjesport op de Olympyske Spullen fan 1988 en 1992, mar kaam úteinlik net op it programma fan Lillehammer 1994. Al wie it Vikingskipet de lokaasje foar it prikslydzjen op de Paralympyske Winterspullen fan 1994. De iisbaan is sûnt de Spullen it nasjonale stadion foar it reedriden yn Noarwegen, al traine de Noarske reedriders meastentiids yn Stavanger as op bûtenbanen. It Vikingskipet is tige regelmjittich gasthear fan it wrâldbeker reedriden, en Europeeske en wrâldkampioenskippen reedriden.
Grutte ynternasjonale kampioenskippen
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|