Viktoria Marinova

Victoria Marinova (7 septimber 1988 - 6 oktober 2018) wie in Bulgaarsk ûndersykssjoernaliste.

Marinova wie administratyf direkteur fan TVN telefyzje yn Roese. Op 30 septimber 2018 lansearre se in nije talkshow mei de namme Detector. Marinova die ûndersyk nei in mooglike grutskalige oerheidsfraude.

Marinova waard ferkrêfte en smoard yn oktober 2018. Se wie de tredde sjoernalist yn in jier dy't yn de Jeropeeske Uny fermoarde waard, nei Daphne Caruana Galizia fan Malta en Jan Kuciak en syn freondinne út Slowakije.[1]

Viktoria Marinova wie skieden en liet in dochter fan sân jier nei.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. TV Host's Brutal Murder Shakes Bulgaria, Balkaninsight.com
  2. Journalistin Viktoria Marinowa - Gewürgt, vergewaltigt, ermordet. Süddeutsche Zeitung, 8 oktober 2018.