Filla Pera

(Trochferwiisd fan Villa Pera)

Filla Pera (Nederlânsk: Villa Pera) is in filla yn Baarn oan de Iemnesserwei 69. De namme is ûntliend oan in foarstêd fan Konstantinopel. De bouhear, dy't spekulearre mei grûn yn Baarn, soe dêr syn fermogen fertsjinne hawwe. It hat sûnt 1886 bewenne west troch twa rike famyljes.

Filla Pera

In soad fan de orizjinele bou en ornaminten fan ein 19e iuw is bewarre bleaun. It rjochterdiel fan it hûs is ûnderkeldere. De linkergevel hat in liedklok yn in houten klokkestoel op klossen. Yn de festibule sitte moarmere muorren mei skilderingen fan ingels. Yn de measten romten sitte glês-yn-lead ruten. Foar it hûs stiet in yn 2010 oanskaft byld mei fontein.

Rjochts stiet in túnhûs, dat eartiids as biljertseal brûkt waard.

It hûs wie ein 20e iuw in tige minne steat. Yn 2007 waard begûn mei it opknappen en yn âlde styl werombringen mei de bûtenkant, de binnenkant sit yn 2010 noch midden-yn de restauraasje.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oer Baarnske villa's
  • Fred Gaasbeek, Jan van't Hof, Maarten Koenders - Baarn, Geschiednis en architectuur, Zeist (1994).