Vincennes (Indiana)

Vincennes is in stêd yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Indiana. It is it haadplak fan Knox County. It ynwennertal wie 18.423 yn 2013.

Vincennes (Indiana)
Flagge Wapen
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Indiana
County Knox County
Sifers
Ynwennertal 18.423 (2013)
Oerflak 19.37 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 960 / km²
Stêdekloft (2012)
Hichte 128 m
Oar
Stifting 1732
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Webside www.vincennes.org
Knox County Courthhouse, Vincennes

It plak leit oan de rivier de Wabash, sa'n bytsje healwei Evansville en Terre Haute. Vincennes waard yn 1732 stichte troch Frânske pelshannelers. It is de âldste Jeropeeske delsetting yn Indiana dy't sûnder ûnderbrekking bewenne is, en ien fan de âldste bewesten de Appalachen.