Vrsar is in gemeente en plak yn Kroaasje. By de telling fan 2001 wennen der 2703 minsken yn Vrsar.

De haven fan Vrsar, mei it plak sels op de êftergrûn.

It plak leit oan de eastkant fan it skiereilân Istrje, krekt súdlik fan Poreč, by de yngong fan it Limski Kanaal. It doarp leit op in heuvel, ticht oan see.

Foar de kust fan Vrsar lizze 18 ûnbewenner eilantsjes mei seldsume mediterrane beammen. Jierliks komme in protte toeristen nei Vrsar.

Skiednis bewurkje seksje

Vrsar wie earder it fakânsjeferbliuw fan ferskate bisskoppen en pausen. Ek wie it in hannelssintrum. Nei de Romeinen kamen de East Goaten. Yn 538 kaam it ûnder Byzantynsk regear. Fan de 10e iuw oant de 18e iuw wie it Fatikaan de baas. Letter kaam it ûnder bestjoer fan de bisskoppen fan Poreč.

Ekonomy bewurkje seksje

Vrsar leit oan see en hat sadwaande ek in fiskersfloat mei haven.

Dêrneist wurdt it toerisme hieltyd wichtiger as ynkomsteboarne foar de minsken. Der binne in stik as wat kempings en hotels neist it doarp. De hotels en kampeerpleatsen lizze oan see, lâns de strannen. Ien fan de kempings by Vrsar is it grutste nudistekamp fan Jeropa, Koversada, it bied plak oan 18.500 minsken.

It plak hat in havenbûlevaar, Obala Marsala Tita neamd. Yn it doarp sels binne tal fan winkeltsjes en restaurants.

It besjen wurdich bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje