Wûnsliny
De Wûnsliny, de Wûnsstelling of de Stelling Wûns wie in ferdigeningsliny út de Twadde Wrâldkriich en waard oanlein yn it tiidrek fan de mobilisaasje. De liny bestie foar it grutste part út mei hout en ierde fersterke fersterkingen dy't as molsheapen út de greiden opstieken. De liny wie ferdield yn trije fakken: fak Surch, fak Wûns en fak Makkum. Kommandant fan de Wûnsstelling wie majoar Bouwe Smid fan it 1e bataljon fan it 33e rezjimint Ynfantery. De totale sterkte wie ûngefear 1400 man (weromlûkende troepen meirekkene). De stelling stie ûnder kommando fan de Stelling De Helder. De bataljonskommandopost húsmanne yn in tankstsjon oan it begjin fan de Ofslútdyk.
De liny hie as doel de opmars fan it Dútske leger te fertragen sadat it weromlûkend Nederlânsk Leger oer de Ofslútdyk in goed hinnekommen fine koe rjochting Noard-Hollân.
Op 11 maaie 1940, de twadde dei fan de oarloch, arrivearren de Dútske troepen om-ende-by 17:00 oere yn de omkriten fan de Wûnsliny en jûns wie der in fjoergefjocht mei in Dútsk ferkenningsienheid. De folgjende dei kaam de echte oanfal doe't de Dútsers fanút Penjum oprukten. Al gau dy bliken dat de liny fiersten te swak wie om goed wjerstân te bieden en yn de rin fan de dei wei striid oer en hiene de Nederlânske soldaten harren stellingen ferlitten en wiene se nei de ôfslútdyk flechte. Dêrnei folge de Slach om de Ofslútdyk
Literatuer
bewurkje seksje- Huizinga, J.J. (1996) Friesland en de Tweede Wereldoorlog . Ljouwert: Friese Pers Boekerij, ISBN 9033014629
- Brongers, E.H. (2005) Afsluitdijk 1940. Soesterberg: Uitgeverij Aspekt bv, ISBN 9059111214
- Topper, Jacob (2010) De Wonsstelling. Friese Pers Boekerij, ISBN 903300903X
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wonsstelling fan Wikimedia Commons. |