Wagenborgen is in doarp yn de gemeente Iemsdelta yn de Nederlânske provinsje Grinslân. It doarp hat 1685 ynweners (2021). Oant 1990 hearde it doarp mank mei de doarpen Borgsweer, Termunten, Termunterzijl en Woldendorp ta de gemeente Termunten, doe't dy opgie yn de gemeente Delfsyl. Dy gie yn 2021 wer op yn de gemeente Iemsdelta.
Under it doarp Wagenborgen falle de buorskippen Kopaf (foar in part), Scheve Klap (of: De Leegte; foar it grutste part) en Zomerdijk (foar it grutste part).

Wagenborgen
Herfoarme tsjerke fan Wagennborgen fan 1883
Herfoarme tsjerke fan Wagennborgen fan 1883
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 1685 (2021)[1]
Oerflak 1,8 km²
Befolkingsticht. 936 /km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 15' NB, 6° 56' EL
Kaart
Wagenborgen (Grinslân)
Wagenborgen
Kaart
Herfoarme tsjerke fan Wagennborgen fan 1883
Lokaasje fan Wagenborgen yn de eardere gemeente Delfsyl

Geografy bewurkje seksje

Wagenborgen wurdt sûnt de fyftjinde iuw ta it Aldamt rekkene. It leit op de grins fan twa oare âlde goaen: Duerswâld yn it westen en Fivelgoa yn it noarden. De grûnslach foar de darpskearn wurdt foarme troch in lege balstienrêch mei lytsskalige iesferkaveling dy't guon meters heger is as it omlizzende lân. Dat gebiet wurdt de Gast of Garst neamd, in Aldfryske namme om in ikkerkompleks mei oan te tsjutten. De hichte is te ferlykjen mei it "Skiereilân fan Wynskoat" en foarme de noardwestlike begrinzging fan de Doalert. It heechste punt by de tsjerke leit op 1,7 meter bope NAP.

Namme bewurkje seksje

De oarsprong fan de plaknamme is net wis. De âldste foarmen binne Wagenbarge (1337), Wagenborghen (1441), Wagenbergen (1446), to Waegheberghe (1479), Wagenberge (1558) en Wagenborgen 1660). Ek komt de namme Wenbergum (1475) foar yn in karspellist fan it bisdom Múnster. Nei alle gedachten is de oarspronklike betsjutting "hichte fan de persoan Wago".

Skiednis bewurkje seksje

Wagenborgen ûntstie yn de njoggende iuw op in balstienhichte as in rânefeanterij. Der waarden 500 Karolingyske munten en ierdewurk út dy snuorje fûn. Grutgrûnbesitters en kleasters spilen dêrby in wichtige rol. Der wie mooglik al in bytsje in foarm fan opstrekkende ferkaveling noardlik fan it doarp, mar de bewenners hawwe letter omreden wetteroerlêst harren weromlutsen op de hegere parten.

It doarp hearde ynearsten ta Fivelgo en wurdt neamd yn it lânregister út 1337. It doarp moast net in al te wichtich of net in grut plak fan belang west hawwe yn dy tiid. Yn 1435 sleat Wagenborgen him oan by in tolvejierrich ferbûn fan doarpen yn it Wâld-Aldamt, dêr't yn ôfsprutsen waard inoar by te stean yn de beskerming tsjin de úttynjende Doalert. Troch de trochbraken fan de Doalert kaam Wagenborgen isolearre te lizzen fan de oare doarpen fan it Wâld-Aldamt as in soarte fan in skiereilân. Fan de ein fan de fyftjinde iuw ôf begûn Wagenborgen diel út te meitsjen fan de lânkrite Klaai-Aldamt.

De parochyrjochten fan Wagenborgen hearden nei alle gedachten ta it Grizemuontsekleaster by Termunten, dy't tagelyk 25 lytse ikkers op de Garst en guon lânguod om it doarp hinne besiet.

Yn de fyftjinde iuw ferdwûnden tsientallen doarpen troch it trochbrekken fan de Doalert. Fan it midden fan dy iuw ôf kaam it wetter oant tichteby Wageborgen. Om it doarp waarden dêrom guon diken oanlein, lykas de Zomerdijk, Veendijk en Weerdijk.

Fan it begjin fan de sechtjinde iuw ôf waard it ferdronken lân fannijs ynpoldere. Yn 1519 waard al sprutsen fan nij angeslaghen landt by de Lange sweach súdeastlik fan it doarp. Yn 1542 waard sprutsen oer de nije dijck to Wagenborgen oer de gast. Datselde jiers waard in nije simmerdyk troch de himrikken by Nieuwolda oanlein. It polderkontrakt neamt it wagenborger hammerick.

Wagenborgen hat him nea ta in wichtige doarpskearn ûntjûn. Om syn lege lizzing konsintrearre alle bewenning yn de midsiuwen al op balstienhichte. Op de hichte wie guon ikkerlân yn lytse stikken lân. Bûtenút leine fersprate âlde greide- en mieden. It ikkerlân foel ûnder twa gastrjochters, wylst de omlizzende himrikken dêrfoaroer ûnder de dykrjochters fan de karspels foelen. De boeren dy't yn it doarp wennen koene amper gebrûk meitsje fan it rjocht fan opstrek. It nije polderlân lei bûten de himrik fan Wagenborgen en foel foar it grustet part ta oan eigners fan oanbuorjende doarpen. De oarspronklike lytsskalige blokferkaveling ferdwûn yn it ramt fan de ruilferkavelings om 1975 hinne, allyk de lytse leanen dy't de stikken lân meiïnoar ferbûnen. Troch ûntwetterjen is it meanfjild troch ynklinken sûnt it begjin fan de 20e iuw wol hast in meter sakke.

 
Eardere pleats fan Groot Bronswijk, hjoed-de-dei in fitnesssintrum

Wagenborgen wie dus in agrarysk doarp. Der wiene gjin grutte tsjinstellings tusken wurklju en grutboeren, lykas dat fierder yn it Aldamt en de Easterhoeke it gefal wie. It doarp wie foar in skoft it bolwurk fan strang protestantisme, mei in otterdoks-herfoarme en in grifformearde gemeente. . Yn 1873 waard troch Jan, Wolter en Trijntje Brons de grûnslach lein foar it lettere psychiatrysk sikehûs Groot Bronswijk, dat foar in skoft in apart doarp yn Wageborgen foarme en it doarp in folslein oar oansicht joech. Ek wie it doarp it berteplak fan de yndustrieel Jan Brons (1865-1954), famylje fan de boppeneamde Jan Brons. Hy ûntwurp as achttjinjierrige it herfoarme tsjerkegebou dat yn 1883 boud waard. Hy wie warber yn it timmerwurkplak fan syn heit dêr't er him ta lei op it bouwen fan steammasinen. Yn 1893 ferhûze de famylje Brons nei Delfsyl. Yn 1907 rjochte er tegearre mei Dirk Bonthuis Tonkes yn Appingedam de Appingedamster Bronsmotoarefabryk op dy't oant 2004 bestean bleau.

Fan 1910 oant 1934 hie Wagenborgen in spoarstopplak hân oan de troch de Noordoosterlocaalspoorweg-Maatschappij (NOLS) oanleine spoar fan Súdbroek nei Delfsyl. Oer de eardere spoadyk waard yn 1960 de N362 oanlein, dêr't de berikberens fan it doarp troch gâns ferbettere waarden.

By de befrijing fan Delfsyl waard by Wagenborgen slim fochten en waard lang om let op 24 april 1945 befrijd.

 
Proostmeer

Nei de Twadde Wrâldkriich wreide Groot Bronswijk him út benammen oan de noardkant fan it doarp, wylst it doarp sels oan de easkant útwreide. Oan de noardwestkant ûntstie troch sânôfgraven yn it ramt fan it bouwen fan de N362 om 1970 hinne de rekreaasjemar Proostmeer.

Yn 2006 sleat Groot Bronshorst en waarden de gebouwen in jier letter sloopt. Dêr waard op it plak fan 38 hektare in lânskipspark oanlein. It ferdwinen fan dy ynstelling betsjutte in grutte klap foar de middenstân yn it doarp.

Befolkingsûntjouwing bewurkje seksje

Befolkingsûntjouwing fan 1859 oant 2018:[2][3]

Tekst opskrift
1859 1869 1879 1889 1920 1930 1947 1971 1995 1999 2001 2006 2008 2018
558 509 729 864 1.194 1.409 2.065 2.320 2.080 1.990 1.910 1.880 1.825 1.745

Tsjerken bewurkje seksje

 
Grifformearde tsjerke

Yn Wagenborgen steane twa protestantske tsjerken. In Nederlânsk-herfoarme tsjerke en in grifformearde tsjerke. De earste tsjerke fan Wagenborgen waard yn de midsiuwen boud en waard oan Petrus wijd. Dy namme waard nei de reformaasje minder brûkt. Yn 1718 waard de âlde tsjerke ôfbrutsen en kaam der in nijen ien, dy't yn 1828]yngeand ferboud waard en yn 1849 foar it lêst restaurearre waard. Yn 1883 waard de hjoeddeistige neoklassisistyske gebou mei toer boud dy't ûntwurpen waard troch de doe santjinjierrige jan Brons. Yn de tsjerke stiet in preekstoel út 1661 fan de Grinzer skrynwurker Nerent Berents. De tsjerkeklok waard yn de Twadde wrâldkriich troch de Dútsers stellen en waard dêrnei troch in oaren ien ferfongen. It oerwurk fan de toer komt fan 1883. It oargel waard yn 1913 troch de firma Martinus vermeulen fan Woerden. Yn 2007 waard de herfoarme tsjerke nei in restauraasje fannijs omneamd ta Petrustsjerke.

De Ermelooske evangelisaasjepreker Eliza Frans Malga preke sûnt 1864 yn Wagenborgen, ynearsten yn in herberch en sûnt 1869 yn in nij boude Herfoarme Evangelisaasje. Yn 1867 waard in kristlike legere skoalle stifte en yn 1874 in otterdokse predikant keazen. Foar in tal folgelingen fan Malga wie dat noch net genôch. Yn 1881 waard in Kristlik-Grifformearde Gemeeente stifte dy't ynearsten yn de skoalle byinoar kamen. Dy gemeente sleat him dêrnei oan by de Doleânsje. Yn 1890 waard in lytse grifformearde tsjerke boud en yn 1928 waard dat tsjerkje ferfongen troch it hjoeddeistich grifformearde tsjerkegebou. Dat gebou waard in sobere sealtsjerke nei ûntwerp fan arsjitekt A. Akkerman.

 
Hûs yn Wagenborgen

It libben yn Wagenborgen waard eartiids dominearre troch de tsjerke en it doarp waard wol it Grinslânske Nazaret ('t Grunneger Noazaret) neamd. De ynwenners hiene de bynamme witmulen (bleekgesichten). de bewennes soene harren bleke gesichte te tankjen hawwe dat se mear yn de tsjerke siten as dat se bûtendoar wiene.

Berne yn Wagenborgen bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel as foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige wikipedyside; sjoch foar boarne op nl:Wagenborgen (dorp)
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wagenborgen fan Wikimedia Commons.
 
Gemeente Iemsdelta
 
Stêden: AppingedamDelfsyl
Doarpen: BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part) • StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part) • WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen en útbuorrens: AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part) • RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken: HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd