Wapen fan Ljouwerteradiel

It gemeentewapen fan Ljouwerteradiel waard by beslút fan de Hege Ried fan Adel op 25 maart 1818 fêststeld. It waard beskreaun as

Gemeentewapen Ljouwerteradiel

Fjouwerendield: It earste fan sulver, beladen mei trije griene klaverblêden, steande ien en twa. It twadde, tredde en fjirde fan lazuer, beladen mei in kliuwende liuw fan goud tonge fan keel. It skyld bedekt mei in gouden kroan.

Omdat der gjin âldere boarnen oer it wapen bekend binne soer it wapen ûntstien wêze kinne yn de perioade dat Keimpe Donia (15951616) of Ernst Harinxma fan Donia (16161634) grytman wie. Oft hja it wapen foar de gritenij yndie betocht hawwe is dus net bekend. Hoewol't der yn ferskate Doniawapens liuwen foarkomme, faak swart op goud, hawwe dy grif net model stien foar it gritenijwapen. De opset fan it wapen illustrearret de trije ’trimdielen’ yn de trije kertieren mei de Ljouwerter liuw en yn it earste kertier it totale plattelânsgebiet fan de gritenij, mei de trije klavers opnij as fwerwizing nei de trije trimdielen.

It wapen is yn de rin fan de iuwen net folle feroare. Mar lykas by in protte gritenijwapens, binne ek fan it wapen fan Ljouwerteradiel kleurfarianten bekend. Sa wurde yn it wapenboek Schoemaker (1695) en yn de atlas fan Schotanus (1718) de liuwen yn grien ôfbylde. Fierders is de pleatsing fan de trije klavers, dy't yn de âldste boarnen as 2 en 1 setten wienen, feroare yn 1 en 2.