Warboer
In warboer (Dútsk: Wehrbauer, betsjut letterlik "definsjeboer") wie yn de Midsiuwen yn benammen it Hillige Roomske Ryk in boer dy't net hearrich wie oan in hear. Hja waarden ferplichte en fier militêre aktiviteiten út en krigen as fertsjinste beskate privileezjes.
Skiednis
bewurkje seksjeWarboeren ûntstiene nei it neigean fan it Romeinske Ryk yn de fyfde iuw. In grut tal Germaanske boeren joegen, om't de tastân yn Jeropa ûnfeilich wie en dêr gjin steande legers mear wiene, harren frijheid en besit oer oan wapene hearen as betingst foar beskerming. In lyts nustje boeren koe harren frijheid hâlde en koene harren sels beskermje. Dy boeren waarden warboeren neamd. Guon warboeren slaggen der yn en keapje in hynder en harnas en stiigden yn de rangen fan de legere adel as ridder. Oare warboeren slaggen der yn en fergrutsje harren bedriuw troch it hieren fan grûn en it oannimmen fan feinten, en kamen yn tsjinst fan in hear as skout of hûsman. Ek koene warboeren harren frij meitsje litte as betingst dat hja yn grinsgebieten festigje en helpe mei de ferdigening fan it lân.
Nijsgjirrich
bewurkje seksjeBoeren, dy't meidiene oan de Dútske kolonisaasje nei it easten fan Jeropa, yn it hjoeddeiske Poalen en Baltyske lannen (Eastkolonisaasje) yn de fyftjinde oant de njoggentjinde iuw, waarden warboeren neamd.
Yn de Twadde Wrâldkriich waarden boeren yn Noardwest-Jeropa troch de SS oproppen om mei de striid tsjin de Sowjetuny mei te dwaan. Dy boeren waard it ferovere gebiet tasein. Sokke boeren, dy't op dy propaganda yngiene en yn Ruslân frijwillich wurk foar de Wehrmacht diene, waarden ek warboeren neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Literatur en Einzelnachweise op dizze side. |