Warmenhuizen

(Trochferwiisd fan Warmenhuzen)

Warmenhuizen (Westfrysk: Wermehúze) is in doarp yn de gemeente Skagen, yn de provinsje Noard-Hollân yn de krite West-Fryslân. It wie fan oarsprong in boeredoarp, mar no is der in soad nijbou mei benammen forinzen.

Warmenhuizen
Wermehúze
De katolike tsjerke fan Warmenhuizen
De katolike tsjerke fan Warmenhuizen
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Skagen
Sifers
Ynwennertal 6.065 (1 jannewaris 2022) [1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 43' N, 4° 43' E
Offisjele webside
Webstee oer it doarp
Kaart
Warmenhuizen (Noard-Hollân)
Warmenhuizen
Kaart
De katolike tsjerke fan Warmenhuizen
Himrik fan Warmenhuizen yn de eardere gemeente Harenkarspel

Warmenhuizen hat 6.065 ynwenners (1 jannewaris 2022).

Skiednis bewurkje seksje

Warmenhuizen is nei alle gedachten yn 9e iuw of 10e iuw ûntstien, ek 745 wurdt wol as ûntsteansdatum neamd. It doarp wurdt as huzegroep fan in Wermer yn 1289 foar it earst neamd as Wermerhusen. De namme komt faaks fan de persoanenamme Wermer en betsjut dan "huzen fan Wermer".

Mank mei it doarp Harenkarspel, it hjoeddeistige Kerkbuurt, komt it doarp yn besit fan de hearen fan Egmont.

De lêste greve fan dat hûs dy't it doarp yn besit hie, wie Lamoraal fan Egmont. Syn widdo Sabina fan Beieren krige it gebiet dêr't it doarp yn leit lang om let yn 1576 yn har besit nei't de greve yn 1568 yn Brussel op hjitten fan Filips II ûnthalzge waard. Har soan Filips erve it gebiet, mar nei't dy de kant fan de Spanjerts yn de Tachtichjierrige Kriich keas, ferlear er al syn lânguod. Yn 1590, nei it ferstjerren fan Filips, krige in famyljelid, Lamoraal fan Egmont II it guod yn [[15933 werom, mei de betingst dat er him yn Frankryk fêstigje moast. Hy rekke lykwols yn jildneed en moast syn guod ferkeapje en dy waarden ferkocht oan de Steaten fan Hollân en West-Fryslân. Yn 1607 ferkochten dy de "hege hearlikheid Warmenhuizen, Schoorldam en Krabbendam" foar 10.050 gûne oan de hearen Gybels en Van der Elburch

Warmenhuizen wie oant 1990 in selsstannige gemeente, doe't de gemeente opgie yn de eardere gemeente Harenkarspel. Yn 2013 gie dy gemeente op yn de gemeente Skagen.

Mienskip bewurkje seksje

It doarp is regionaal en lanlik bekend troch de protte sporters. Sa wenne Steven Rooks, winner fan de boltsjestrui yn de Omgong fan Frankryk fan 1988, destiids yn Warmenhuizen. Nei oanlieding fan syn boltsjestrui waard ien kafee yn it doarp farve yn de kleuren fan de trui: wite gevel mei reade boltsjes. Dy gevelstyl hat it kafee holden.

It besjen wurdich bewurkje seksje

It besjen wurdich yn Warmenhuizen is de herfoarme Alde Ursulatsjerke. De basis foar dy tsjerke waard lein yn de 13e iuw. Dat is goed te sjen oan de westgevel, om't dy oplutsen is út saneamde kleastermoppen. De brûkte kleastermoppen binne moogelik ôfkomstich fan de eartiidske boarch Nuwendoorn bewesten it dorp. Tsjin dy westmuorre is de hjoeddeiske toer boud, nei alle gedachten yn de 14e iuw. Yn de rin fan de tiid binne èn it skip èn de toer ferskate kearen útwreide. De klokstoel komt út de yn 1779 ynstoarten toer fan Schoorl. Yn 't tsjerke wurde útsein de gewoane tsjerketsjinsten ek eksposysjes en konserten holden. En ek de oare tsjerke, boud yn de 19e iuw troch Theo Molkenboer is it besjen wurdich.

Fierders hat it doarp noch in âld gebou, de Moriaan, út de 16e iuw, no in restaurant.

Yn 'e himrik fan Warmenhuizen, tichteby de buorskip Huiskebuurt, stiet oan de Molenweg in poldermûne. Dy achtkant út ikehout boude mûne hjit De Grebmolen en komt fan 1875.

Nijsgjirrich bewurkje seksje

In bynamme fan de doarpen Warmenhuizen en Tuitjenhorn is Waarmetuut.

Galery bewurkje seksje

Berne yn Warmenhuizen bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Gemeente Skagen
 
Stêd: Skagen
Doarpen: BurgerbrugCallantsoogDirkshornEenigenburgGroenveldKrabbendamOudesluisPettenSchagerbrugSint MaartenSint MaartensbrugSint MaartensvlotbrugSint MaartenszeeStroetTjallewalTuitjenhornValkkoogWaarlandWarmenhuizen't Zand