Wartsykte
Wartsykte (Synchytrium endobioticum) is in sykte dy’t by de ierdappel foarkomt. It is in iensellige, obligaat parasitêre skimmel en kin dus allinnich op libbene planten libje. De sykte kaam oarspronklik allinnich foar yn de Andes yn Súd-Amearika, mar no komt de sykte oer de hiele wrâld foar. Yn Nederlân is it in karantênesykte mei strange wetlike regelingen.
wartsykte | ||
Taksonomy | ||
domein: | eukaryoaten (Eukaryota) | |
ryk: | skimmels (Fungi) | |
stamme: | skynskimmels (Chytridiomycota) | |
klasse: | Chytridiomycetes | |
skift: | Chytridiales | |
famylje: | Synchytriaceae | |
skaai: | Synchytrium | |
soarte: | Synchytrium endobioticum | |
(Károly Schilberszky) Percival, 1909 |
Wartsykte foarmet gjin myselium lykas de Chytridiales, mar oant 40 jier kymkrêftige soralen. Dêryn kinne oant 300 zoöspoaren foarme wurde. In sorus is in skaaimerk fan de famylje Synchytriaceae.
Yn de maitiid komme út de sporangiums beweechlike zoöspoaren, dy’t de epidermissellen ynkringe. Yn de ynfektearre sellen wurde simmersporangums foarme, dêr’t nije zoöspoaren út komme.
Under beskate foar de skimmel minne groei-omstannichheden fusearje twa zoöspoaren ta in zygoate. De waardplantsellen mei de zygoate diele har en foarmje eventueel de want fan in nij wintersporangium. Yn de hjerst ferrotsje de warten, dêr’t de dikwandige rêstspoaren troch yn de grûn frijkomme. De diploïde rêstspoaren pro-sory ûndergeane nei in rêstperioade in ripingsdieling en meardere kearndielings en foarmje sa soralen.
Resistinsje
bewurkje seksjeWrâldwiid binne der op syn minst 18 fysio’s bekend. Fysio 1 komt it meast foar. Yn Noardeast-Nederlân komme de fysio’s 2, 8 en 18 foar en yn Súdeast-Nederlân fysio 1.
Op besmette grûn is it ferbouwen fan ierdappels allinnich tastien mei resistinte rassen.
Eksterne links
bewurkje seksje- LfL-Bayern
- Julius-Kühn-Institut
- Datenblatt der Pflanzenschutzorganisation für Europa und den Mittelmeerraum, Franstalig / engelstalig, (PDF)
- Synchytrium endobioticum im Index Fungorum (Ingelsktalich)