Wattema state
Wattema State lei ûnder Ie yn de gemeente Dongeradiel, mar wêr krekt is net bekend. Oer it ûntstean fan de state is ek neat witten.
Skiednis
bewurkje seksjeHoe't it krekt siet mei de famyljeferhâldingen yn de famylje Wattema yn Ie is noch net bekend. Nijsgjirrich is wol dat de Wattema's tagelyk mei "grutte" haadlingen en eallju fan minder oansjen nauwe bannen ûnderholden.
Yn 1491 wurde Hessel en Rydske Wattema as 'gebroeders en hoefftlingen toe Ee' neamd. Yn 1511 brûkte Jeltie Watema mei har bern 25 pûnsmiet eigen lân yn Ie. Yn 1533 makke Anna Wattema, fan Ie en non yn it kleaster Sigerswâld, har testamint op. Har sibben Wytthye Camminga en Ritscke Boelema beneamde hja ta erfgenamten. Har erfkip bestie ûnder mear út in part fan Wattema saete yn Ie. De famylje komt yn 1578 noch foar as Wattingha (personele ymposysje). De Wattinga's wennen doe al yn Kollum.
Yn 1597 komme Riverdt en Rinnert Petersz foar dy't 'Toe Watma' hjitte, nei de pleats dêr't sy wennen.
Ein 16e en 17e iuw komt de sate toe Watma noch geregeld yn argyfstikken foar. De presise genealogy, it krekte plak fan it goed en in mooglike ferhâlding mei ien fan de stinswieren yn Ie is noch net fêststeld.
De kaarten fan Schotanus en Wopke Eekhoff jouwe gjin Wattema ûnder Ie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|