Weard (strjitte)

(Trochferwiisd fan Weard (Ljouwert))

De Weard (Nederlânsk en offisjeel: Weerd) is in strjitte yn it sintrum fan 'e Fryske haadstêd Ljouwert. De Weard is koart en frij smel, en rint rûchwei yn noard-súdrjochting. Dêrby ferbynt dizze strjitte de stille kant fan 'e Nijstêd (d.w.s. de Nijstêd-Noardkant), yn it suden, mei de Beginestrjitte yn it noarden. De Weard begjint ter hichte fan 'e eastkant fan 'e Lange Piip (in tige brede brêge dy't de beide kanten fan 'e Nijstêd mei-inoar ferbynt). Hy komt út op 'e eastlike ein fan 'e Beginestrjitte, dêr't dy in knik nei it noarden makket.

De Weard, ynsjoen fan 'e stille kant fan 'e Nijstêd ôf. (Foto út 1979.)
De Weard yn 2018.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: