West-Kaap

(Trochferwiisd fan West Kaap)

West-Kaap (Afrikaansk: Wes-Kaap; Ingelsk: Western Cape; Xhosa: iNtshona Koloni) is in provinsje yn it súdwesten fan Súd-Afrika. It is mei in oerflak fan 129.462 km² de fjirde yn grutte fan de njoggen provinsjes fan Súd-Afrika. De provinsje hie yn 2021 in rûsde ynwennertal fan goed 7 miljoen ynwenners dêr't twatred fan yn en om de haadstêd Kaapstêd wennet. De provinsje waard op 27 april 1994 stifte doe't de eardere Kaapprovinsje yn West-Kaap, Noard-Kaap, East-Kaap en yn in part fan de provinsje Noardwest opspjalte waard.

West-Kaap
Wes-Kaap (Afrikaansk)
Western Cape (Ingelsk)
iNtshona-Koloni (Xhosa)
flagge wapen
polityk
soarte gebiet provinsje
haadplak Kaapstêd
grutste plak Kaapstêd
befolkingsgroep kleurlingen (50%)
swarten (32%)
blanken (17%)
Ynjers of Aziaten (1%)
taal Afrikaansk (49,7%)
Xhosa (24,7%)
Ingelsk ((20,2%)
Sesoto (1%)
religy kristendom (89,9%)
oare (7,5%)
net wis/gjint (10,6%)[1]
sifers
ynwennertal 5.822.734 (sensus 2011)
7.113.776 (rûzing yn 2021)
oerflak 129,462 km²
befolkingstichtens 45 /km²
heechste punt 2.325 m
leechste punt 0 m
oar
stifting 27 april 1994
tiidsône UTC +2 (SAST)
webside [1]

Geografy bewurkje seksje

 
Wyngerts by Constantia
 
Befolkingstichtens yn West-Kaap

De provinsje mei in totaal oerflak fan 129.462 km² leit yn it súdwesten fan it lân en hat suver in L-foarm mei in kustline fan likernôch 400 km mei de Atlantyske Oseaan en 500 km mei de Yndyske Oseaan. De provinsje grinzget yn it noarden oan Noard-Kaap, en yn it easten oan East-Kaap. Kaapstêd is de haadstêd en is tagelyk ek de wetjouwende haadstêd fan Súd-Afrika mei it ymposante Parlemintsgebou. Kaapstêd hat in natuerlike haven oan de Tafelbaai. Guon oare grutte stêden binne Stellenbosch, Worcester, Paarl en George. De túnrûte rint oan de súdkust troch West-Kaap hinne en is ien fan de wichtichste fakânsjebestimmings yn Súd-Afrika.

West-Kaap is de meast súdlike krite op it Afrikaanske kontinint, dêr't Cape Agulhas it súdlikste punt fan is. De kustline fariearret fan sânstrannen ta steile rotsige kusten. Saldanha Bay, 140 km noardlik fan Kaapstêd is in natuerlike haven en de eardere neamde Tafelbaai op it Kaapske skiereilân is omboud ta de haven fan Kaapstêd.

Klimaat bewurkje seksje

Troch syn lizzing oan twa oseanen en mei ferskate hichten is der in grut klimatologysk ferskaat yn de provinsje. Oan de súdkant hearsket in mediterraan klimaat mei kâlde, wiete winters en drûge waarme simmers en yn it noarden yn de Grutte en Lytse Karoo hearsket in drûch en toar klimaat mei izige winters en hjitte simmers. Mosselbaai hat njonken Hawaiï it myldste klimaat yn de wrâld.

Befolking bewurkje seksje

 
Mearderheidstalen yn West-Kaap:

██ Afrikaansk

██ Ingelsk

██ Xhosa

De befolking bestie neffens de folkstelling fan 2011 5.822.734 ynwenners, en neffens in rûzing yn 2021 woeksen ta 7.113.776. Twatred wennet yn en om Kaapstêd hinne, dy't nei Jehannesburch de twadde agglomeraasje fan it lân is. De befolking fan de provinsje is nei Gauteng de fluchst waaksende. De grutste befolkingsgroep binne de kleurlingen mei goed 50%, dêrnei de swarten mei 33% en blanken mei 16%. Troch emigraasje út East-Kaap wei wenje der in soad Xhosa. De offisjele talen binne de trije meast sprutsen: Afrikaansk (49,7%), Xhosa (24%) en Ingelsk (20%).

Ekonomy bewurkje seksje

De provinsje is in wichtich sintrum foar hannel, yndustry en lânbou en is in grutte wynprodussearjende krite. Njonken druven wurde der oare fruchten en grienten kweekt. Noardlik en eastlik fan Kaapstêd is nôt in wichtich gewaaks. By de Westkust del is fiskerij wichtich en yn Karoo wurde der in soad skiep holden. Ek toerisme is in wichtige boarne fan ynkommen. Yn Oudtshoorn is de Kangogrotte it besjen wurdich

Wet en oerheid bewurkje seksje

De haadstêd is Kaapstêd, dêr't it provinsjaal parlemint fêstige is. De grûnwet fan de West-Kaap waard yn 1998 oannommen en is yn de trije offisjele talen fan de provinsje beskikber. Dy grûnwet fiert de provnsjale wetjouwing út, dy't neffens de Grûnwet fan Súd-Afrika bepaald is, op it mêd fan lânbou, ûnderrjocht, omjouwingsaken, sûnensoarch, hûsfêsting, taalbelied, toerisme, hannel en woltierigens.

Yndieling bewurkje seksje

 
Yndieling fan West-Kaap
 
Kaapstêd mei de Tafelberch
 
George
 
Hexrivierbergen

West-Kaap bestiet út ien grutstedske gemeente en fiif distrikten. De distrikten binne op harren bar ûnderferparte yn 24 gemeenten.

Grutstedske gemeente bewurkje seksje

Distrikten bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

 
Provinsjaal parlemintsgebou yn Kaapstêd

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory West-Kaap fan Wikimedia Commons.
 
Haadstêden en provinsjes fan Súd-Afrika
 
Haadstêden: BloemfonteinKaapstêdPretoria
Provinsjes: East-KaapFrijsteatGautengKwaZulu-NatalLimpopoMpumalangaNoard-KaapNoardwestWest-Kaap