Westflinge wie yn de Midsiuwen in gewest of goa yn Fresia westlik fan it Fly, tsjintwurdich de provinsje Noard-Hollân. It wurdt foar it earst neamd yn de keningsoarkonde fan 1064, doe't kening Hindrik IV de greeflike rjochten fan it gebiet oan de Utertse biskop Willem I joech.

Paleografy fan Nederlân om 800 hinne.

It gebiet bestie rûchwei út de hjoeddeistige regio West-Fryslân yn de Westfryske Ringdyk en it grûngebiet dêr't tsjintwurdich de gemeenten Seefang en parten fan de gemeenten Sijpe, Skermer en Beemster lizze. Westflinge wie in wichtich gebiet, benammen troch de sterke grûn.

Tsjin ’e ein fan de 13e iuw wie it goa, fanwege it rizen fan de seespegel, in soartemint fan eilân wurden. De earder makke ringdyk koe it lân binnen de dyk drûch hâlde. Ut dat gebiet is de hjoeddeistige regio West-Fryslân ûntstien.

Musea bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje