In wetsfoarstel is in foarstel fan in regear of parlemintslid foar in nije wet, of in foarstel om in besteande wet te feroarjen.[1] Om fan in foarstel wet te meitsjen moat in bepaalde proseduere folge wurde dy't ôfhinklik is fan it lân. Yn de Nederlânske grûnwet wurdt in wetsfoarstel sûnt 1983 in "foarstel fan wet" (voorstel van wet) neamd.

Proseduere yn Nederlân bewurkje seksje

Wetsfoarstellen dy't troch leden fan de Twadde Keamer yntsjinne wurde, ek wol inisjatyffoarstellen neamd, folgje likernôch deselde proseduere as by foarstellen fan it regear. Foar oanpassings oan de grûnwet is der lykwols in swierdere proseduere.[2]

Foarstel fan ministearje bewurkje seksje

As ministers of steatssekretarissen eat wetlik regelje wolle, freegje hja harren amtners of in kommisje om mei in foarstel te kommen. Dy skriuwe teffens in memoarje fan taljochting, dêr't yn beskreaun stiet hoe't en wêrom't de wet of oanpassing ymplemintearre wurde moat. Nei't it amtlik foarportaal, in petear mei hege amtners, it foarstel besprutsen hat, komt it by de ûnderried, in petear mei ynhâldlik belutsen ministers. It is nammentlik sa dat by wetsfoarstellen faak mear as ien ministearje belutsen is. It wetsfoarstel is yn dizze faze fan amtlike tarieding net iepenbier.

Besprekking yn ministerried bewurkje seksje

Nei de ûnderried moat de ministerried, in petear mei alle ministers en de minister-presidint, oer it wetsfoarstel gear. As der gjin beswieren binne, kin de tekst, dy't ek yn dizze faze noch net iepenbier makke is, nei de Ried fan Steat. As de leden fan de ministerried it net mei-inoar lykfine kinne, kin dat liede ta it ôfgean fan in minister. Dit komt lykwols komselden foar, om't de beliedsfoarnimmens by de kabinetsformaasje al yn grutte linen besprutsen binne.

Advys fan Ried fan Steat bewurkje seksje

De Ried fan Steat besjocht oft it wetsfoarstel útfierber is en oft it net stridich is mei de grûnwet. Dêrnei sprekt de Ried syn einoardiel (diktum) út. In negatyf diktum betsjut dat it foarstel werom nei de ministerried moat. It advys fan de Ried fan Steat is net binend, mar de ministerried is eins wol moreel ferplichte om it op te folgjen. Yn in reaksje moat de minister witte litte hoe't hy it advys fan de Ried fan Steat yn it wetsfoarstel ferwurket. It wetsfoarstel bliuwt geheim salang't de Ried fan Steat it yn behanneling hat.

Behanneling yn Twadde Keamer bewurkje seksje

De stap dêrnei is it yntsjinjen fan it wetsfoarstel by de Twadde Keamer yn de foarm fan in Keninklik boadskip. Dêrmei biedt de Kening it wetsfoarstel formeel oan de Twadde Keamer oan en wurdt it iepenbier. Yn de Twadde Keamer wurdt it foarstel troch in spesjalisearre kommisje skriftlik behannele, wêrnei't der in plenêr debat hâlden wurdt. Yn dat debat moat de minister syn wetsfoarstel ferdigenje en fragen fan Keamerleden beäntwurdzje. De Twadde Keamer hat boppedat it rjocht fan amendemint, mei oare wurden de mooglikheid om oanpassings foar te stellen. Oan de ein fan it debat wurdt oer alle oanpassingsfoarstellen stimd, en dêrnei oer it folsleine wetsfoarstel. As it foarstel oannaam is, kin it nei de Earste Keamer.

Behanneling yn Earste Keamer bewurkje seksje

Krekt as yn de Twadde Keamer folget yn de Earste Keamer in faze fan skriftlike behanneling yn in spesjalisearre kommisje. Earst komt der oer it wetsfoarstel in ferslach fan dy kommisje, dêrnei in memoarje fan antwurd troch de minister, en as lêste in formeel einferslach fan de kommisje. Nei in plenêr debat wurdt der oer it wetsfoarstel stimd. De Earste Keamerleden hawwe gjin rjocht fan amendemint, wêrtroch't de Earste Keamer it foarstel allinnich oannimme of fersmite kin. Hat de Earste Keamer dochs beswieren, dan hat de minister de mooglikheid om in tasizzing te dwaan om in oanpassing troch te fieren. Sa'n oanpassing wurdt dan in "novelle" neamd.

Bekrêftiging, publikaasje en ymplemintaasje bewurkje seksje

As sawol de Twadde as de Earste Keamer it wetsfoarstel oannaam hawwe, ûndertekenje de Kening en de ferantwurdlike minister de wetstekst dy't dêrmei fan krêft wurdt. De minister fan Justysje en Feiligens soarget dan foar it bekend meitsjen fan de wet en docht dat troch de wet yn it Steatsblêd te publisearjen. It momint en de wize fan yngean stiet altyd yn de wet en kin fuortendaliks wêze, mar ek op in bepaalde datum, by Keninklik beslút of sels mei in aparte yngongswet.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wetsvoorstel. Parlement & Politiek. Rieplachte op 4 maart 2018.
  2. Hoe komt een wet tot stand? Rijksoverheid. Rieplachte op 4 maart 2018.