Plasse (wetter)

(Trochferwiisd fan Wetterplasse)

In plasse is in beheinde hoemannichte fan in floeistof, ornaris wetter, op in oerflak. Dit ferskynsel kin ûntstean troch gearheaping yn in kûle, dobbe of lichte, mar ek troch oerflaktespanning op in fierders flakke ûndergrûn. Plassen wurde meastal assosjearre mei wegen.

In mânske plasse oan 'e kant fan 'e ferhurde wei.

Foarhinne kamen plassen benammen foar trochdat tsjillen of hynstehoeven fuorren lutsen of gatten slein hiene yn ûnferhurde paden, dêr't it reinwetter in skoft yn stean bleau ear't it fuortsakke yn 'e ûndergrûn. Hjoed de dei komme plassen fral foar op ferhurde wegen, dêr't de tichte ûndergrûn gjin opname fan reinwetter tastiet. By in protte rein kin it riolearringsstelsel faak de tafloed fan wetter net oan, sadat it in skoft op 'e dyk stean bliuwt. Ek kin it wêze dat asfalt net goed (plat) oanlein is, of dat troch jierren fan gebrûk troch motorisearre ferkear de klinkerts op plakken fersakke binne, sadat in dobke of in kûle ûntstien is dêr't it reinwetter stean bliuwt oant it ferdampt of tusken de klinkerts troch fuortlekt.

In plasse is yn 'e regel ûndjippernôch om trochhinne te wâdzjen (hoewol faak net sûnder learzens), en beslist te lyts om in boatsje of flot driuwende te hâlden. Plassen binne faak in boarne fan fassinaasje foar bern, dy't der graach yn boartsje meie, net selden ta wanhope fan memmen dy't de klean skjin hâlde wolle. As se lange tiid stean bliuwe, binne plassen ek wol oantreklik foar (lytse) wylde bisten, lykas ynsekten, dy't der aaien yn lizze en fûgels dy't deryn baaie. Yn guon parten fan 'e wrâld binne plassen in gefaar foar de folkssûnens om't langpoaten dy't malaria en oare sykten ferspriede, har deryn fuortplantsje.

Grutte plassen, dy't ûnder in swiere reinbui faak by de kant fan 'e ferwurde wei lâns ûntsteane, kinne swierrichheden foar it ferkear opsmite, trochdat se akwaplaning fan auto's feroarsaakje kinne. Ek komt wol foar dat foarbyridend motorisearre ferkear it wetter út sokke plassen opspatte lit oer de stoeprâne, sadat fuotgongers ûnderspat wurde. Yn guon lannen is soks spesifyk ferbean en kin dryst rydgedrach yn sokke gefallen ta juridyske ferfolging liede, sa't yn 2005 yn it Feriene Keninkryk barde, dêr't doe in automobilist yn sa'n soarte gefal in jildboete oplein krige.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.