Grutte Stoarm

(Trochferwiisd fan Wettersneed fan 1287)

De Grutte Stoarm, of de Sint-Lusiafloed, wie in wettersneed dy't plakfûn yn de nacht fan 13 desimber op 14 desimber 1287 op de feestdei fan de hillige Lusia.

De ramp trof foaral de súdlike kust fan de Noardsee, Fryslân, Grinslân en East-Fryslân, mar ek East-Anglia. De gefolgen wienen ôfgryslik. It westlike bekken fan de Waadsee waard foarme, dêr't it eilân Gryn hast hielendal by ferdwûn. Dizze nij ûntstiene see krong hielendal troch oant de Flevomar, wêrtroch't West-Fryslân foargoed skieden waard fan it hjoeddeiske Fryslân, en de Flevomar ta Sudersee waard. Ek yn East-Fryslân kringt de see yn it lân en ferdwynt lân. Hiele doarpen ferdwine foar altiten yn de weagen, en noch mear moatte ferlitten wurde yn gebieten dêr't it feanlân troch de feroarings te slim bedrige rekket troch de see.

It krekte oantal slachtoffers is net dúdlik; skattings rinne fan 50 tûzen oant 80 tûzen minsken. Dat wie yn dy tiid in ûnfoarstelber grut ferlies fan minskelibben. Ta fergelyk: binnen de hjoeddeiske grinzen fan Nederlân libben yn dy tiid likernôch in heal miljoen minsken.

Gefolgen bewurkje seksje

Namme bewurkje seksje

De stoarm hjit de Grutte Stoarm om't it de slimste wettersneed is dy't Fryslân ea troffen hat, mûglik de stoarm dy't it meast bydroegen hat ta it ûntstean fan de Waadsee.

De namme Sint-Lusiafloed komt de datum: de dei dêr't de stoarm op begûn, 13 desimber, is de nammedei fan Sint Lusia.