Wierd Duk (Hooge Zwaluwe, 22 desimber 1959) is in Nederlânsk sjoernalist, ferslachjouwer, histoarikus en publisist. Hy hat him spesjalisearre yn 'e skiednis en polityk fan Ruslân en Dútslân. Op 'e Nederlânske tillefyzje en radio hat er geregeldwei te sjen en te beharkjen west as polityk kommentator.

Wierd Duk
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wierd Duk
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 22 desimber 1959
berteplak Hooge Zwaluwe (Noard-Brabân)
etnisiteit Nederlânsk
Frysk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
jierren aktyf 1992 – no
prizen Anne Vondelingpriis 1999
offisjele webside
Wierd Duk op Facebook

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Duk waard yn 1959 berne yn in herfoarme predikantehúshâlding yn Hooge Zwaluwe, yn 'e provinsje Noard-Brabân. Hy is fan Frysk komôf, mei't syn âlden út Fryslân komme.[1] Fanwegen ferskillende beroppings fan syn heit moast it gesin doe't Duk lyts wie in stikmannich kearen ferhúzje. It grutste part fan syn jonkheid brocht er troch yn it Siuwske Domburch.

Yn 1977 die Duk syn eineksamen foar it gymnasium oan it dr. Aletta Jacobs Kolleezje yn Hegesân-Sappemar, yn Grinslân. Neitiid learde er fierder oan 'e Ryksuniversiteit Grins, dêr't er skiednis studearre. As studint sette er útein mei wurk yn 'e sjoernalistyk, û.m. by it moanneblêd foar alternative muzyk Vinyl en as keunstmeiwurker by de krante Nieuwsblad van het Noorden. Yn 'e mande mei syn stúdzjegenoaten Gerlof Leistra en René Cuperus rjochte Duk yn dy snuorje ek it literêr-kultureel moanneblêd Verbeeldt! op.

Karriêre bewurkje seksje

Under syn stúdzje oan 'e Ryksuniversiteit Grins hie Duk him spesjalisearre yn 'e skiednis fan Ruslân en de Sovjet-Uny, en tusken 1992 en 2001 wurke er as ferslachjouwer foar dat part fan 'e wrâld, mei as stânplak Moskou. Yn dy tiid levere er artikels oan foar û.m. de krante Het Parool, de deiblêden fan 'e VNU en it wykblêd Elsevier. Yn 1999 wûn Duk de Anne Vondelingpriis foar politike sjoernalistyk mei syn reportaazjes oer de Twadde Tsjetsjeenske Oarloch.

Fan 2001 oant 2006 wie Duk foar de kranten fan 'e GPD korrespondint yn Dútslân, mei as stânplak Berlyn. Fan 2006 oant 2008 wurke er as polityk ferslachjouwer foar de GPD yn De Haach, en tusken 2008 en 2013 wied er algemien ferslachjouwer oer Nederlânsk nijs foar de Elsevier. Tusken 2013 en 2016 rjochte Duk him wer op 'e berjochtjouwing oer Dútslân. As freelance-ferslachjouwer wurke er yn dy snuorje foar û.m. it Algemeen Dagblad, Het Parool, ThePostOnline, de Nieuwe Revu, Vrij Nederland, de Faamske krante De Tijd en de regionale deiblêden yn Nederlân.

Tuskentroch publisearre Duk yn 2014 twa beheinde biografyen fan 'e Russyske presidint Vladimir Pûtin (Poetin: Straatvechter Bedreigt Wereldorde) en fan 'e Dútske bûnskânselier Angela Merkel (Merkel: Koningin van Europa), dy't beide útjûn waarden troch Prometheus. Fierders ferskynde yn 2016 fan syn hân in boek oer it konsintraasjekamp Auschwitz (De Beul en de Heilige: Een Geschiedenis uit Auschwitz).

Yn septimber 2016 kaam Duk yn fêste tsjinst by it Algemeen Dagblad. Foar dy krante reizge er neitiid as polityk ferslachjouwer troch Nederlân. Teffens skreau er sneons in kollumn oer de politike temperatuer yn it lân, ûnder de titel Wierd Duk Peilde de Stemming. Op 1 novimber 2017 stapte Duk oer fan it AD nei De Telegraaf. Njonken syn sjoernalistike wurk naam Duk ek geregeldwei diel oan tillefyzje- en radioprogramma's as polityk kommentator om 'e aktualiteit yn Dútslân en Ruslân út te lizzen. Sa wied er op 'e tillefyzje te sjen yn Pauw, Jinek en Goedemorgen Nederland, en op 'e radio te hearren yn LdLEO, De Nieuws B.V. en Dit Is de Dag.

Priveelibben bewurkje seksje

Yn 'e jierren tachtich wie Duk bassist yn in stikmannich rockbands, wêrûnder de Fryske groep The Visitor. Dêrmei fersoarge er yn 'e Sovjet-Uny, yn 'e tiid fan 'e ûntjouwende glasnost en perestrojka fan Michail Gorbatsjov, optredens yn 'e underground fan Leningrad. Yn syn Dútske tiid rjochte Duk mei in Dútske partner in kafee op yn 'e Berlynske wyk Kreuzberg, mei as namme Kaffee am Meer. Tsjintwurdich wennet Duk ôfwikseljend yn Berlyn en Rotterdam. Yn 2013 troude er mei syn kollega Fidan Ekiz, mei wa't er in soan krige, Ferran. Harren houlik rûn lykwols yn 2017 út op in skieding.

Wurk bewurkje seksje

  • 2000 – Bloed in een Cola-fles: Verslaggeving over de Oorlog in Tsjetsjenië
  • 2014 – Poetin: Straatvechter Bedreigt Wereldorde
  • 2014 – Merkel: Koningin van Europa
  • 2016 – De Beul en de Heilige: Een Geschiedenis uit Auschwitz

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Genderen, Charlotte van, Dromen van een Speelfilm, yn: de Ljouwerter Krante, 24 novimber 2018, bylage Sneon & Snein, s. 8-10. Sitaat út dit ynterview mei Fidan Ekiz: "Aan de andere kant wil ik dat Ferran zijn Nederlandse roots beter leert kennen. Het lijkt me mooi als hij wat Fries meekrijgt fan zijn grootouders."

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.