Eastfriezen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 1:
[[Ofbyld:Ost-Friesland.png|thumb|right|300px|[[Eastfryslân]] en [[East-Fryslân]].]]
'''Eastfriezen''' ([[Dútsk]]: ''Ostfriesen'') binne, yn rûmere betsjutting, de ynwenners fan [[East-Fryslân]] yn it noardwesten fan de Dútske dielsteat [[Nedersaksen]]. Yn de lytsere betsjutting binne de '''Eastfriezen''' de eastlike taktûke fan de [[Friezen]], in [[Germanen|Germaansk folk]] en beheart, mei de [[Denen]], [[Sorben]], [[Sinty]] en [[Roma (folk)|Roma]] ta de erkende minderheden yn Dútslân.<ref>[http://die-friesen.eu/friesen/sonstiges/bmi.pdf "Stellungnahme des Innenministeriums zur Stellung der Ostfriesen"]</ref> Hja binne nau besibbe mei de [[Sealterfriezen]], dy't ôfkomstich binne út East-Fryslân en ferfearn binne fan de kuststreek nei it binnenlân.
 
De Eastfriezen binne ek besibbe oan de [[Noardfriezen]] en de [[Westfriezen]] út [[Westerlauwersk Fryslân]]. Eastfriezen komme fan [[East-Fryslân]] yn it noardwesten fan Dútslân. Somtiden wurde alle Friezen út de eastlike Fryske gebieten (Eastfriezen, [[Sealterfriezen]], [[Bûtjadingers]], [[Woerstfriezen]], [[Jeverfriezen]], Aldenboarchfriezen, Rüstringenfriezen) oantsjutten as Eastfriezen.