Meso-Amearika: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L oanfolling
Rigel 1:
[[OfbyldFile:Mosaico de Mesoamérica.jpg|250px300px|thumb|right|Bylden út Meso-AmerikaAmearika]]
'''Meso-Amearika''' is in [[histoarysk]]e [[regio]] en in [[kultuer]]gebiet yn [[Noard-Amearika]], dat bestiet út [[Midden-Amearika]] útsein de [[woastyn|woastinen]] yn it [[noarden]] en de [[tropyske reinwâlden]] fan it uterste [[suden]]. It gebiet rint dêrmei fan sintraal [[Meksiko]] fia [[Belize]], [[Gûatemala]] en [[El Salvador]] oant yn [[Hondoeras]], wylst it oan 'e [[kust]] fan 'e [[Stille Oseaan]] fia [[Nikaragûa]] oant yn it [[noardwesten]] fan [[Kosta Rika]] rikt. Yn Meso-Amearika bloeiden mear as [[tûzen jier]] lang ferskate [[Yndianen|Yndiaanske]] [[beskaving]]s foarôfgeande oan 'e [[Spaanske kolonisaasje fan de Amearika's|Spaanske kolonisaasje fan 'e Amearika's]]. De beneaming wurdt inkeld brûkt foar it [[pre-Kolumbiaanske Tiid|pre-Kolumbiaanske]] tiidrek, en net foar de hjoeddeistige Yndiaanske kultueren yn it gebiet.
[[Ofbyld:Region Mesoamerica.png|thumbnail|right|250px]]
'''Meso-Amerika''' is de beneaming foar it gebiet yn [[Midden-Amearika]] dêr't de [[Yndianen]] eartiids beskavingen opboud hienen. It gebiet strekte him út fan it midden fan [[Meksiko]] oant [[Nikaragûa]]. De beneaming wurdt lykwols allinnich mar brûkt om de gebieten mei oan te tsjutten út it tiidrek fan foar de Spaanske oermastering.
 
==Gronology fan Meso-Amearika==
De folken dy't yn it gebiet wennen hienen in protte mien op it mêd fan kultuer, religy, keunst, ensfh. De earste Meso-Amerikaanske beskavings ûntstiene om it begjin fan it earste millennium foar de Kristus. Ta dy kultueren wurde de folgjende yndiaanske folken rekkene: de [[Azteken]], [[Maya's]], [[Tolteken]] en [[Zapoteken]].
{| class="wikitable"
|-
! colspan="2"| tiidrek
! tiidspanne
! beskavings
|-
| rowspan="2"| [[Paleo-Yndianen|Paleo-Yndiaansk]]
| Paleo-Yndiaansk
| style="text-align:center;"| [[10.000 f.Kr.]] – [[3500 f.Kr.]]
|
|-
| [[Argaysk Tiidrek|Argaysk]]
| style="text-align:center;"| [[3500 f.Kr.]] – [[1800 f.Kr.]]
| [[Tehuacán]]
|-
| rowspan="3"| Preklassyk
| Ier Preklassyk
| style="text-align:center;"| [[2000 f.Kr.]] – [[1000 f.Kr.]]
| [[Olmeken]]
|-
| Mid Preklassyk
| style="text-align:center;"| [[1000 f.Kr.]] – [[400 f.Kr.]]
| [[Olmeken]], [[Preklassike Maya's]], [[Sapoteekske beskaving|Sapoteken]]
|-
| Let Preklassyk
| style="text-align:center;"| [[400 f.Kr.]] – [[200]]
| [[Preklassike Maya's]], [[Teotihuacán]], [[Epi-Olmeekske kultuer|Epi-Olmeken]], [[Sapoteekske beskaving|Sapoteken]]
|-
| rowspan="3"| Klassyk
| Ier Klassyk
| style="text-align:center;"| [[200]] – [[600]]
| [[Klassike Maya's]], [[Teotihuacán]], [[Sapoteekske beskaving|Sapoteken]]
|-
| Let Klassyk
| style="text-align:center;"| [[600]] – [[800]]
| [[Klassike Maya's]]
|-
| Terminaal Klassyk
| style="text-align:center;"| [[800]] – [[900]]
| [[Klassike Maya's]]
|-
| rowspan="2"| Postklassyk
| Ier Postklassyk
| style="text-align:center;"| [[900]] – [[1200]]
| [[Postklassike Maya's]], [[Tolteken]], [[Misjteken]]
|-
| Let Postklassyk
| style="text-align:center;"| [[1200]] – [[1521]]
| [[Azteken]], [[Postklassike Maya's]], [[Tarasken]], [[Totonaken]], [[Hûasteken]], [[Misjteken]], [[Sapoteken]]
|-
| colspan="2"| Koloniaal
| style="text-align:center;"| [[1521]] – [[1821]]
| [[Spanje]]rts
|-
| colspan="2"| Postkoloniaal
| style="text-align:center;"| [[1821]] – no
| [[Latynsk-Amearika]]
|-
|}
 
==Paleo-Yndiaansk Tiidrek==
Yn de [[16e iuw]] arrivearren de [[Spanje]]rts yn Amearika en waard it gebiet troch harren oermastere. Tsjintwurdich libje der noch in grut tal neisieten fan de Meso-Amerikaansk folken.
Meso-Amearika is ien fan mar fiif gebieten yn 'e wrâld dêr't klassike [[beskaving]]s ûnôfhinklik faninoar ta ûntwikkeling kamen. (De oaren binne it [[Midden-Easten]], it noarden fan it [[Yndyske subkontinint]], [[Sina]] en de [[Andes]]regio fan [[Súd-Amearika]].) As [[kultuer]]gebiet wurdt it karakterisearre troch in mozayk fan kulturele skaaimerken, dy't ûntjûn en útwiksele waarden troch de ûnderskate lânseigen beskavings. Dat begûn al om [[7000 f.Kr.]] hinne, doe't [[paleo-Yndianen|paleo-Yndiaanske]] [[nomadysk]]e [[jager-sammelder]]groepen harren begûnen te organisearjen ta [[sedintarisme|sedintêre]], [[agrarysk]]e [[doarp]]en troch de [[bou (lânbou)|bou]] fan [[lânbougewaaks|gewaaksen]] as [[kakao]], [[stynske weet]], [[beane]], [[tomaat]], [[avokado]], [[fanylje]], [[pompoen]] en [[Spaanske piper]], en ek troch de [[domestikaasje]] fan 'e [[kalkoen]] en de [[hûn]].
[[File:Region Mesoamerica.png|thumb|left|250px|De lokaasje fan Meso-Amearika.]]
 
==Preklassyk Tiidrek==
Yn it [[#Gronology fan Meso-Amearika|Preklassike Tiidrek]] rekke de lânbou oer it hiele gebiet ferspraat, en datselde gou foar ferskate kulturele eleminten, lykas de komplekse [[mytology]] en [[godstsjinst]] fan 'e [[Mesoamerikaanske religy]], in [[figesimaal]] (tweintichtallich) [[sifer|nûmeryk systeem]] (sa't ús [[desimaal]] systeem tsientallich is), in yngewikkeld [[Mesoamerikaanske kalinders|kalindrysk stelsel]], de [[tradysje]] fan [[Mesoamerikaansk balspul|balspullen]] en in dúdlik ûnderskate [[arsjitektoanysk]]e en [[keunst|artistike styl]]. Tagelyk fûn der in proses fan [[maatskiplike stratifikaasje]] plak, wêrby't ferskillende [[maatskiplike klasse]]n har ûntjoegen en de doarpen in [[haadman]] krigen. Guon fan 'e doarpen woeksen út ta [[stêd]]en troch in netwurk fan hannelsrûtes dat brûkt waard om [[lúkse]] guod as [[obsidiaan]], [[jade]], [[kakao]], [[fermiljoen]], beskate soarten [[skulp]]en en [[ierdewurk]] te [[hannel|ferhanneljen]]. Hoewol't de beskavings fan Meso-Amearika [[kennis]] hiene fan it [[tsjil]] en de grûnslach fan [[metaalbewurking]], waarden dy [[technology]]en nea net botte wichtich.
 
De ierste wiere [[beskaving]] yn Meso-Amearika wie dy fan 'e [[Olmeken]], dy't omtrint [[1200 f.Kr.]] opkaam en fuortduorre oant likernôch [[400 f.Kr.]] De Olmeken bewennen de [[kust]] fan 'e [[Golf fan Meksiko]] mei útrinders dêrwei it binnenlân yn en nei it [[suden]], oer de [[Lâningte fan Tehuantepec]]. Kontakten op geregelde basis tusken de Olmeken en minder ûntwikkele kultueren yn wat no [[Chiapas]], [[Oaxaca]] en [[Gûatemala]] is, leine de basis foar de fierdere ûntwikkeling fan Meso-Amearika as kultuergebiet. Dat waard mei mooglik makke troch de wichtige hannelsrûte by de kust fan 'e [[Stille Oseaan]] lâns, dy't yngeande ûnderlinge [[kommunikaasje]] tusken de ferskillende kustmienskippen mooglik makke.
[[File:Tikal mayan ruins 2009.jpg|right|thumb|250px|De [[ruïne]]s fan [[Tikal (stêd)|Tikal]].]]
 
Yn wat no súdlik [[Meksiko]], [[Gûatemala]] en [[Belize]] is, kaam de [[Maya-beskaving]] ta ûntwikkeling. De ierste [[archeolysk fynplak|argeologyske fynplakken]] fan 'e [[Maya's]] geane werom oan likernôch [[1000 f.Kr.]] Fan likernôch [[750 f.Kr.]] ôf foarmen hja [[stêdsteat]]en, lykas [[El Mirador]], [[Calakmul]] en [[Tikal (stêd)|Tikal]]. Fierder nei it noarden ta kaam yn dyselde snuorje te [[Monte Albán]] de [[Sapoteekske beskaving|beskaving fan 'e Sapoteken]] op. Dêre en by de [[Epi-Olmeekske kultuer|Epi-Olmeken]] waarden yn dy tiid de earste wiere [[Mesoamerikaanske skriften]] ûntwikkele, dy't neitiid yn it [[#Gronology fan Meso-Amearika|Klassike Tiidrek]] harren hichtepunt berikke soene yn 'e [[hieroglifen]] [[Maya-skrift|fan 'e Maya's]]. Meso-Amearika is ien fan mar trije kriten yn 'e wrâld dêr't it [[skrift]] him folslein ûnôfhinklik fan ynfloeden fan bûtenôf ûntjoech (de oaren binne [[Sûmearje]] en [[Keizerryk Sina|Sina]]).
 
==Klassyk Tiidrek==
Yn sintraal Meksiko waard tsjin 'e ein fan it Preklassike Tiidrek, omtrint it jier [[50]], de stêd [[Teotihuacán]] stifte, dy't him yn it Klassike Tiidrek ([[200]]-[[900]]) ûntwikkele ta it wichtichste kulturele en religieuze sintrum fan hiel Meso-Amearika. De stêd foarme in ryk basearre op [[militêr]]e macht en [[hannel]], en wreide syn [[politike]] macht út nei it noarden sawol as oer de Maya's yn it suden. Nei de [[ynstoarting fan Teotihuacán]], om [[600]] hinne, wediveren yn sintraal Meksiko ferskate politike sintra om 'e macht, wêrûnder [[Xochicalco]] en [[Cholula (Meso-Amearika)|Cholula]]. Underwilens begûnen út it woastinige gebiet benoarden Meso-Amearika wei de [[Nahûa]]-talige [[folk]]en nei it suden op te tsjen. Meitiid ferkrongen dy yn sintraal Meksiko de sprekkers fan 'e [[Oto-Mangeaanske talen]] en waarden se kultureel oerhearskjend.
[[File:Mexico0047.jpg|left|thumb|250px|[[Teotihuacán]].]]
 
Yn it suden fan Meso-Amearika einige it Klassike Tiidrek mei de [[ynstoarting fan 'e Klassike Maya-beskaving]], wêrby't tusken [[895]] en [[900]] abrupt stêden yn 'e súdlike leechlannen, lykas [[Palenque]], [[Copán]], [[Tikal (stêd)|Tikal]] en [[Calakmul]], ûntfolke rekken. Dat barren is noch altyd ien fan 'e grutste mystearjes fan 'e [[argeology]], al lykje resinte stúdzjes te wizen op in perioade fan [[drûchte]] dy't dêrsanne de folslein fan geregelde [[rein (delslach)|reinfal]] ôfhinklike [[lânbou]] ûnmooglik makke.
 
==Postklassyk Tiidrek==
Yn it iere [[#Gronology fan Meso-Amearika|Postklassike Tiidrek]] waard sintraal Meksiko dominearre troch de Nahûa-sprekkende [[Tolteken]] (mei as sintrum de stêd [[Tula (Meksiko)|Tula]]) en [[Oaxaca]] troch de [[Misjteken]]. Mank de [[Maya's]] kamen op it [[Jûkatanskiereilân]] kulturele sintra as [[Chichén Itzá]] en [[Mayapán]] ta bloei.
 
It [[#Gronology fan Meso-Amearika|Let Postklassike Tiidrek]] ([[1200]]-[[1521]]) stie yn sintraal Meksiko yn it teken fan 'e opkomst fan 'e [[Azteken]], dy't [[Azteekske Ryk|in ryk]] mei in grut tal [[fazalsteat]]en opbouden dat frijwol hiel it middelste part fan Meso-Amearika besloech. De [[Tarasken]] behearsken yn deselde tiid [[Michoacán]] en [[Guerrero (steat)|Guerrero]]. Mei syn [[haadstêd]] te [[Tzintzuntzan (Meso-Amearika)|Tzintzuntzan]] wie de [[Taraskyske steat]] ien fan 'e mar in pear Mesoamerikaanske bestjoerlike ienheden dy't oanhâldend en mei súkses wjerstân bea tsjin 'e Azteekske opmars. Oare wichtige kultueren út it Postklassike Tiidrek wiene dy fan 'e [[Totonaken]] en de [[Hûasteken]] oan 'e eastkust, en dy fan 'e [[Misjteken]] en de [[Sapoteken]] (mei sintra yn [[Mitla]], resp. [[Zaachila]]) yn [[Oaxaca]].
[[File:PalacefromTempleCrossPalenque.JPG|right|thumb|250px|It wichtichste [[paleis]] yn [[Palenque]].]]
 
==Koloniaal Tiidrek==
Oan 'e Mesoamerikaanske kulturele tradysje kaam yn [[1521]] in ein mei de [[Spaanske ferovering fan it Azteekske Ryk]]. Neitiid ferneatigen de Spanjerts yn [[1530]] de Taraskyske steat. [[Nojpetén]], de lêste ûnôfhinklike stêdsteat fan 'e Maya's, waard einlings yn [[1697]] ferovere. Mei de komst fan 'e Spanjerts waard de [[Yndianen|lânseigen befolking]] fan Meso-Amearika bleatsteld oan [[besmetting|besmetlike]] [[sykte]]n út [[Jeraazje]] dêr't se gjin [[ymmúnstelsel|ymmuniteit]] tsjin hiene, lykas de [[pokken]] en de [[mûzels]]. Dat late ta [[epidemy]]en dêr't mear as 90% fan 'e befolking by omkaam, mei as gefolch dat de lânseigen [[maatskippij]]en en kultueren fierhinne ynstoarten.
 
Yn 'e folgjende [[iuw]]en waard de kultuer fan Meso-Amearika fermongen mei it [[roomsk-katolisisme]], de [[Spaansk]]e [[taal]] en oare skaaimerken fan 'e Spaanske kultuer, wylst de Spanjerts aktyf besochten de lânseigen kultueren út te rûgjen, bgl. troch alle boeken yn lânseigen talen dy't se fine koene, [[boekferbrâning|te ferbrânen]]. Nettsjinsteande dat oerlibje ek hjoed de dei noch eleminten fan 'e Mesoamerikaanske beskavings yn 'e kultueren fan 'e Yndiaanske folken fan it gebiet. Sa wurde noch in soad [[talen]] sprutsen dy't foar de Spaanske ferovering ek sprutsen waarden, en binne [[animisme|animistyske]] en [[sjamanisme|sjamanistyske]] praktiken opnomen yn 'e pleatslike foarmen fan it roomsk-katolike [[kristendom]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Mesoamerica ''References'' en ''Bibliography'', op dizze side].
----
{{commonscat|Mesoamerica}}
}}
 
[[Kategory:Midden-Amearika]]
[[Kategory:Geografy fan Noard-Amearika]]
[[Kategory:Skiednis fan Meksiko]]
[[Kategory:Skiednis fan Belize]]
[[Kategory:Skiednis fan Gûatemala]]
[[Kategory:Skiednis fan El Salvador]]
[[Kategory:Skiednis fan Hondoeras]]
[[Kategory:Skiednis fan Nikaragûa]]
[[Kategory:Skiednis fan Kosta Rika]]
[[Kategory:Yndiaanske skiednis yn Midden-Amearika]]