Richland (Washington): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st
Rigel 35:
[[File:Richland Washington.jpg|thumb|right|Richland yn de iere dagen fan it Hanford projekt]]
Richland bleau in lytse [[lânbou]] mienskip oant it Amerikaanske leger 1660 km² lân oankocht oan de Kolumbia benoarden de stêd. Hjir waard it ''Hanford Projekt'' úteinset yn it ramt fan it [[Manhattan Projekt]]. 300 ynwenners fan Richland, lykas de gânse doarpen [[Hanford (Washington)|Hanford]] en [[White Bluffs (Washington)|White Bluffs]] moasten ferhûzje. De stêd ûntjoech himsels ta in sliepstêd fan wurkers op it projekt. De befolking ûntjoech him fan 300 minsken yn july fan 1943 oant 25.000 oan it ein fan de [[Twadde Wrâldkriich]] yn augustus 1945. Al it lân en gebouwen yn de stêd wiene yn besit fan de oerheid. Hûzen waarden tawiisd en hier waard ôfnommen. Famyljes waarden inkele of dûbele hûzen tawiisd en inkele persoanen krigen aparteminten of barakken. Al needsaaklik guod, fan fergees bus ferfier oant ljochtlampkes waarden jûn, beamkes op de hiemen waarden plante troch de oerheid. Yn 1954 waard Harold Orlando Monson keazen ta boargemaster en hy strúnde oan by de oerheid foar it mooglik meitsjen foar privee eigendom fan wentes yn de stêd. In soad minsken woene sels hûzen keapje en giene nei buorplakken, lykas [[West Richland (Washington)|West Richland]] of [[Kennewick (Washington)|Kennewick]].
It grutste part fan de stêd wie ûntjûn troch de [[Army Corps of Engineers]] en in soad strjitten binne ferneamtferneamd nei bekende inzjenieursyngenieurs. De soarten hûzen dy spesjaal gearstald en ûntwurpen wiene waarden ''alfabet hûzen'' neamt, ôfhingjend fan it tipe hûs. Dit unyk ûntwerp hat it makke, sadat in part fan de stêd registrearre stiet by it ''National register of Historic Places'' yn 2005.
 
Yn de [[Kâlde Kriich]] waard in [[plutoanium]] reaktor boud op ''Hanford'', sa't mear wurkers oanluts.