Korrupsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L red
Rigel 1:
[[File:Say no to bribes in Chipata, Zambia.jpg|right|thumb|300px|In oanplakboerd yn [[Sambia]] mei in poster dy't de lju opropt om nee te sizzen tsjin korrupsje.]]
[[Ofbyld:UNCAC 1.png|thumb|Konvinsje fan 'e Feriene Naasjes tsjin korrupsje]]
'''Korrupsje''' (fan it [[Frânsk]]e ''corruption'', "ferrotting") is in foarm fan ûnearlik, ûnoprjochte of [[etyk|ûnetysk]] hâlden en dragen troch in persoan dy't in posysje fan gesach beklaait, yn 'e regel mei as doel om der sels better fan te wurden. It kin ek bedoeld wurde om nauwe bûnsgenoaten (lykas [[famylje]], freonen of kunde) der better fan wurde te litten; dy spesifike foarm fan korrupsje wurdt [[nepotisme]] neamd (as it om famylje of goede freonen giet) of [[kliïntalisme]] (as it om kunde of kunde fan kunde giet). Korrupsje kin in ferskaat oan yllegale aktiviteiten omfiemje, lykas [[omkeaping]], [[fertsjustering]] en [[fraude]], hoewol't it ek in protte dingen omfetsje kin dy't yn in protte [[lân|lannen]] [[wet|legaal]] binne.
[[Ofbyld:UNCAC 1.png|thumb|left|160px|Konvinsje fan 'e Feriene Naasjes tsjin korrupsje.]]
 
[[Politike korrupsje]] komt foar as in oerheidsfunksjonaris beslissings nimt en aktiviteiten ferrjochtet mei as doel om der sels better fan te wurden ynstee fan om it publike belang te tsjinjen. Behalven yn 'e [[polityk]] komt korrupsje ek foar by de [[plysje]], de [[rjochterlike macht]], yn it [[ûnderwiis]], by [[fakbûn]]en en op oare plakken. [[Omkeaping]] (sjoen fanút it eachpunt fan 'e persoan dy't wat fan 'e korrupte funksjonaris wol) of it oannimmen fan in [[omkeapsom]] (sjoen fanút it eachpunt fan 'e korrupte funksjonaris sels) is de meast foarkommende soarte fan korrupsje, wêrby't de omkeapsom net in [[jild]]bedrach hoecht te wêzen, mar ek in foarm yn [[natuera]] oannimme kin fan bygelyks [[seks|seksuële hannelings]], [[reis]]kes en/of [[fakânsje]]s op oarmans kosten, ferbliuwen yn it [[fakânsjehûs]] fan dejinge dy't wat fan men wol, ensfh. Behalven sokke 'positive' foarmen fan korrupsje, bestiet der ek in 'negative' foarm, wêrby't de oangeande funksjonaris [[sjantaazje|sjantearre]] wurdt om korrupte dingen te dwaan.