Skiednis fan Sina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl: -yë- -> -ye- ; sjoch ek https://w.wiki/SNT
L red
Rigel 8:
 
== De earste hearskers ==
=== De SjangShang ===
De [[Shang-dynasty|Shang-beskaving]] bestie neffens de tradysjonele tiidsberekkening tusken [[1600 f.Kr.]] oant [[1046 f.Kr.]] De ierste stedssintra dy't typearjend foar it SjangtiidrekShangtiidrek binne, lizzen yn it Lo-bekken, in fruchtber gebiet yn it uterste easten fan de löss-flakten dat troch sydrivieren fan de [[Giele Rivier]] fan wetter foarsjen wurdt. Efterinoar hawwe sân stêden haadstêd west, dêr't [[Yinxu|Yin]] de lêste en grutste fan wie (1384 f.Kr.-1122 f.Kr.). De Shang brûkten in tekensysteem dat sjoen wurdt as de foarrinner fan it lettere [[Sineeske skrift]].
 
It keninklik hof foarme it sintrum fan de Shang-beskaving en troch de keningen waarden militêre ekspedysjes hâlden, dêr't de Shang-kultuer oer it Noardsineeske leechlân troch ferspraat waard. Lykwols wie it gebiet dêr't troch de Shang-foarsten effektyf politike macht waard útoefene nei gedachten lytser. De grinsgebieten stienen ûnder it bewâld fan lokale hearskers, dêr't ien fan him tsjin de Shang kearde.
 
=== De TsjowZhou ===
Yn de [[11e iuw f.Kr.]] foelen de [[Zhou-dynasty|Zhou]] fanút it noarden oan en rukten op nei de haadstêd dy't troch har ferovere waard. It soe noch wol in iuw doarre foardat sy al it gebiet fan de SjangShang-hearskers foarfêst yn hannen hienen. It sintrum fan har macht kaam te lizzen by de stêd [[Luoyang]] dy't troch har stiften waard. Yn polityk en kultureel opsicht wienen sy de erfgenamten fan de Shang. Harren grutste fernijing wie de yntroduksje fan it [[lienstelsel]]. Troch in systeem fan machtsdelegearing hienen de keningen fan de Zhou in better grip op de grutte befolking as harren foargongers. Ferwanten en eallju krigen stikken lân bûten it keninklik domein tabediele sadat mear as 40 mei de Zhou ferbûne fasaalsteaten ûntstienen.
 
De iere oarde fan de Zhou hat oant [[771 f.Kr.]] doarre, dat jier waard de Zhou kening yn it westen ferslaggen troch nomadyske stammen en rekken har âlde wengebieten yn it Kung-chung-gebiet kwyt. It keninklik domein ferlear in grut part fan har gebiet en de haadstêd Luoyang har politike gewicht. Stadichoan foel de politike en militêre macht yn hannen fan wichtige regionale foarsten dy't it meastepart fan de fasaalsteaten fan de Zhou ferneatigen en har lân ynnommen. Grutte politike en kulturele feroarings hâlden plak en de kaart fan Sina feroare yngripend. Ut oerbleaune dokuminten docht bliken dat in protte nije stêden boud waarden en oanhâlden kriich fiere waard tusken de steaten ûnderinoar, dêr't massaal slachtoffers by foelen. Lykwols wie der yn dizze ûnrêstige tiden in eksplosive technologyske foarútgong, in grutte befolkingsoanwaaks en ferskine de earste echte Sineeske filosofen as [[Konfusius]] en [[Tao]].
 
De TsjowZhou-dynasty hâlde langer stân as alle oare dynastyen yn de skiednis fan Sina. De lêste kening regearre oant en mei [[256 f.Kr.]]
 
== It tiidrek fan de keizerriken ==