Elisabeth fan Tueringen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
L st
Rigel 103:
De lêste trije jier fan har libbenbleau se dêr as ienfâldige suster wurkjen. Se waard yn it leauwe jimmeroan fanatiker en ûntwikkele eigen dogmatyske opfettings, dy't se harsels oplei en ek fan oaren sûnder kompromis easke. Hja fertsjinne foar har ûnderhâld troch wol te spinnen foar it kleaster Altenberg, dêr't har jongste dochter Gertrudis ûnderbrocht wie.
 
Elisabeth ferstoar doe't se noch mar 24 wie. Se waard siik op 4 of 5 novimber en ferstoar yn de nacht fan 16 op 17 novimber 1231. Koenraad naam har de lêste bycht ôf en dêrnei krige hja it sakramint fan de sterrendestjerrende. Elisabeth joech Koenraad de opdracht om it lêste jild dat se besiet oan de earmen en needruftigen te ferdielen. Se waard yn de kapel fan it troch har stifte spitaal opbierre en ien fan de susters sei letter dat in soad minsken doe al [[Relikwy|reliken]] fan har ha woene. Guon skuorden stikjes fan de doek dy't oer Elisabeth's gesicht lei ôf. Oaren giene fierder en sniene hier, neils en sels in finger ôf. Op 19 novimber waard Elisabeth yn de kapel begroeven.
 
==Hillichferklearring==