Aerden Plaats: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L st
Rigel 27:
De Aerden Plaats hat in [[besikerssintrum]] dêr't [[toerisme|toeristyske ynformaasje]] te krijen is, mei dêrby in lyts [[museum]] dat foar in diel út in fêste [[tentoanstelling]] bestiet en foar in oar diel út wikseljende eksposysjes fan it wurk fan Biltske [[keunstskilder|skilders]] en oare [[keunstner]]s. It fêste diel wurdt foarme troch it saneamde Argeologysk Stipepunt, dêr't [[argeology]]ske fynsten toand wurde dy't op it Bilt dien binne.<ref>[http://www.aerdenplaats.nl/archeologisch/6/archeologisch-steunpunt.html Ynformaasje oer it Argeologysk Stipepunt op 'e eigen webside fan de Aerden Plaats]</ref> Op [[freed]] [[13 maaie]] [[2016]] waard by in [[ynbraak]] yn it [[gebou]] fan de Aerden Plaats net allinne de [[kassa]] leechhelle, mar waard ek de kolleksje fan it Argeologysk Stipepunt plondere, dy't, los fan 'e kultuerhistoaryske wearde, gjin stoer wurdich wie.<ref>[http://www.bildtsepost.nl/nieuws/2256-aerden-plaats-in-een-nacht-leeggeroofd ''Aerden Plaats in één nacht leeggeroofd'', yn: de ''Bildtse Post'', 18 maaie 2016]</ref>
 
De Aerden Plaats omfiemet ek de oanbuorjende [[Julianatsjerke (Aldebiltsyl)|Julianatsjerke]]. Dat is in âlde [[minnisme|minnistyske]] [[fermanje]], dy't yn [[1806]] boud en yn [[1860]] útwreide waard. De tsjerke, dy't erkend is as [[ryksmonumint]], waard yn [[1997]], nei't er yn ûnbrukûnbrûk rekke wie, oankocht troch de gemeente It Bilt. Yn [[2009]] waard it [[tsjerke]]gebou trochferkocht oan 'e [[Stifting DBF]], dy't yn Fryslân mear monuminten op 'e noed hat. De Julianatsjerke is fia de Aerden Plaats te besichtigjen, en wurdt brûkt foar it hâlden fan [[tentoanstelling]]s en [[konsert]]en. Ek is it ien fan 'e offisjele [[trouwen|troulokaasjes]] fan It Bilt.<ref>[http://www.aerdenplaats.nl/julianakerk/14/julianakerk.html Ynformaasje oer de Julianatsjerke op 'e eigen webside fan de Aerden Plaats]</ref> Fierders heart by de Aerden Plaats ek in [[flinter]]tún fan 800&nbsp;m², dy't efter it gebou leit.<ref>[http://www.aerdenplaats.nl/vlindertuin/98/de-vlindertuin-is-klaar!-.html Ynformaasje oer de flintertún op 'e eigen webside fan de Aerden Plaats]</ref>
 
De Aerden Plaats ûnderhâldt kontakten mei oare Biltske kulturele organisaasjes troch syn lidmaatskip fan 'e [[Stichting Bildts Aigene]], in yn [[2015]] oprjochte koepelorganisaasje foar Biltske taal en kultuer.<ref> {{Aut|Grosso, Maria del}}, ''Coördinator Bildts dient ontslag in'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 26 july 2017, s. 23.</ref>