Duomo San Rufino: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Sint-Rufinusdom ''Duomo San Rufino'' | ôfbylding = Assisi - Veduta dalla rocca maggiore, San Rufino.jpg |..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 7 jul 2020 om 20.10

De Duomo San Rufino (Sint-Rufinuskatedraal) yn Assisi, Itaalje, is de katedraal fan it bisdom Assisi-Nocera Umbra-Gualdo Tadino. Yn de katedraal waard Fransiskus fan Assisi (1182) en Klara van Assisi (1193) doopt.

Sint-Rufinusdom

Duomo San Rufino

bouwurk
lokaasje
lân Itaalje
regio Umbrje
provinsje Perugia
plak Assisi
adres Piazza San Rufino 3
bysûnderheden
boujier 1140-1228
boustyl Romaanske arsjitektuer
offisjele webside
[www.diocesiassisi.it Side bisdom]

Skiednis

De romaanske tsjerke waard fanôf 1140 neffens it ûntwerp fan Giovanni da Gubbio boud. Yn 1228 wijde paus Gregoarius IX it alter, doe't er yn Assisi wie om Fransiskus hillich te sprekken. Paus Innocentius IV wijde de hiele tsjerke yn it jier 1253.

Arsjitektuer

 
Haadportaal

De gevel fan 1134 heart ta de moaiste yn syn soarte yn Umbrje. De stiennen foar de bou fan de gevel stamme fan de Monte Subasio. Om it 12e-iuwse sintrale roasfinster binne de symboalen fan de evangelisten oanbrocht. De portalen binne bysûnder ryk dekorearre. It sintrale portaal toant in troanende Kristus tusken sinne en moanne. Njonken Kristus is in troanende Madonna mei Bern (links) en Sint-Rufinus (rjochts) te sjen. Dêrnjonken wurde planten, fûgels en hilligen útbylde.

De klokketoer waard yn de 11e iuw boud en stiet efter de apsis fan de eardere tsjerke, dy't troch biskop Ugone yn 1029 boud wie. De spits fan de toer datearret út de 13e iuw. It fûnemint fan de toer stiet op in romeinske systerne.

Ynterieur

Yn 1571 waard it romaanske ynterieur troch de arsjitekt Gian Galeazzo Alessi út Perugia yn de styl fan de Italjaanske renêssânse fernijd.

By de tagong is rjochts in doopfont, dêr't ek de hilligen Fransiskus, Klara en Gabriel (1838) doopt waarden. De barokke Kapel fan it Hillich Sakramint rjochts waard yn 1541 tafoege en yn 1663 útwreide. Fresko's fan Giacomo Giorgetti (1663) fersiere de kapel en de njoggen skilderijen datearje fan de 17e-iuwske skilder Andrea Carloni.

 
Haadalter

De Kapel fan Us-Leaffrou fan Treast waard yn 1496 nei in wûnder boud. Twa jier earder hiene tsjûgen sjoen dat in Marije-byld oer Kristus yn har earms gûlde. It 15e-iuwske Dútske terrakotta byld waard okkerlêsten stellen en is yntusken troch in houten kopy ferfongen.

It haadalter út de 19e iuw stiet yn it renêssânse koer boppe it bonkerak fan de hillige Rufinus. Yn de apsis stiet it koerstuoltme fan Giovanni di Piertacopo da San Severino (1520). It byld fan de hillige Rufinus fan François Lemoyne stiet yn it midden fan it koer.

Der binne yn de katedraal ferskillende skilderijen fan Dono Doni: de Oanbidding fan Kristus troch de Hilligen (1555), de Krusiging (1563)en de Krúsôfname (1562).

Under de katedraal is in krypte mei in romeinske sarkofaach út de 3e iuw, dêr't de hillige Rufinus yn leit.

Yn it oanbuorjende katedraalmuseum binne fresko's út de 13e iuw, reliken en âlde hânskriften te sjen. It wichtichste keunstwurk is it triptyk fan Madonna mei Bern en hilligen fan Nicolò Alunno (1470).

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale von Assisi