Assisi: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 50:
[[File:Assisi Rocca Maggiore BW 1a.JPG|thumb|260px|<center>''Rocca Maggiore''</center>]]
* De ''[[Basilica di San Francesco (Assisi)|San Francesco d'Assisibasilyk]]'' bestiet út in beneden- en boppetsjerke. It is de grêftsjerke fan Sint-Fransiskus. Sûnt 1756 is it in [[basilica maior]], ien fan de katolike tsjerken mei de heechste status. De basilyk is beskildere mei fresko's út de tiid fan de renêssânse. By de swiere ierdskoddings fan 1997 stoartten de gewelven foar in part yn, wêrby't fjouwer minsken omkamen. Nei in restauraasje iepene de tsjerke twa jier letter de doarren wer. Oan de tsjerke slút it ''Sacro Convento'' oan.
* De ''[[Duomo San Rufino|Duomo San Rufino]]'' (Sint-Rufinuskatedraal) is in romaanske tsjerke, dêr't biskop Rufinus fan Assisi te rêste lein waard nei't dy yn de 3e iuw fermoarde waard. De gevel hat trije roasfinsters en in 16e-iuwsk ynterieur.
* De ''Santa Maria Maggiore'' (Tsjerke fan Marije de Meardere) is de âldste noch besteande tsjerke fan Assisi en wie oant 1039 de katedraal fan Assisi.
* Yn de ''Basilica di Santa Chiara'' (Sint-Klarabasilyk) leit Sint-Klara begroeven. De bou fan de tsjerke mei in ienfâldich goatysk ynterieur en 13e-iuwske fresko's en skilderijen sette yn 1257 útein.