Modest Mûssorgski: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st; fl
L st
Rigel 7:
Mûssorgski wie foar in part fan boere komôf en diels fan (earm) aadlik komôf. Syn beppe fan heitekant wie noch liifeigene west. As bern die Mûssorgski's muzikale talint al bliken, mar hy keas foar in karriêre yn it tsaristyske leger, hy waard offisier. Syn niget foar de muzyk bleaun lykwols en hy rekke al gau yn de kunde mei de doetiidse ''avant garde'' fan jonge komponisten lykas [[Balakirev]], [[Borodin]], [[Cui]] en [[Rimsky-Korsakow]], it saneamde [['Machtige Heapke']]. Fan Balakirev (sels autodidakt) krige er ûnderrjocht yn komposysjelear en troch him makke er fan de muzyk syn berop. Se setten harren yn foar orizjinele, nasjonale Russyske muzyk.
 
It tsaristysk hôf en de adel wiene orientearre op Dútske en Italjaanske muzyk en hiene gjin ferlet fan syn muzyk. Boppedat gie it komponearjen stadich. Hy moast wol allerhanne amtnerbaansjes oan nimme om troch de tiid te kommen. Hy libbe yn iensumens. In soad wurk hat er ek net ôfmeitske kintkind, omt er hieltiten fêst rûn troch brek oan in goede teoretyske basis. Fierders wie er swiersettich en dronk er tefolle.
 
Op in stuit hie er dochs sukses mei de opera 'Boris Godoénov', hoewol't er dy ferskate kearen oanpasse moast om him útfierd te krijen. Lettere bewurkers, fral Rimski-Korsakov, ha syn wurk ferienfâldige om it 'útfierber' te krijen. It hat tige lang duorre foar't syn wurk yn de oarspronklike foarm op'e planken kaam; doe earst kaam de wiere kwaliteit fan it wurk oan it ljocht.