Klara fan Assisi: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks hillige | ôfbylding = Santa Clara, de Andrés López Polanco (Museo del Prado).jpg | ôfbyldingstekst = <center>''Sint-Klara mei monstr..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 jul 2020 om 10.59

Klara fan Assisi (* 1193 of 1194 yn Assisi; † 11 augustus 1253 yn it kleaster San Damiano, Assisi) wie de stiftster fan de kontemplative oarder fan de Klarissen.

Klara fan Assisi
   hillige
Sint-Klara mei monstrâns en stêf (Andrés López Polanco).
Sint-Klara mei monstrâns en stêf (Andrés López Polanco).
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 1193 of 1194
berteplak Assisi
stjerdatum 11 augustus 1253
stjerplak Assisi
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Anglikaanske Tsjerke
hjeldei 11 augustus
attributen Monstrâns, kelk, stêf (fan adis), krús, leelje, boek
patroan fan Assisi, Tillevyzje

Libben

Klara (Italjaansk: Chiara) wie in dochter fan de aadlike Favarone di Offreduccio di Bernadino en waard berne yn 1193 of 1194. Hja hearde Fransiskus yn de domtsjerke preken en waard sa beynfloede, dat hja yn de nacht nei Palmsnein yn 1212 har âlderhûs ferliet en yn de lytse kapel Portiunkula it ûnthjit die, om har oan God te wijen en in libben fan earmoed, keiens en hearrigens te lieden. Fransiskus snie Klara it hier ôf en joech har in earmoedich habyt.

 
Sint-Fransiskus knipt Klara it hier ôf, Antonio Carnicero (Museo del Prado)

Tenei libbe Klara neffens Kristus' foarbyld yn folsleine earmoed. Ynearsten brocht Fransiskus har by de benediktinen ûnder. Har suster Agnes, dy't letter ek hillich ferklearre waard, folge Klara sechtjin dagen letter yn har kar foar it kleasterlibben. Nei't Fransiskus de kapel fan San Damiano renovearre hie en dêr ek in ûnderkommen boud hie, ferhûzen Klara en har suster dêrhinne. Al gau foegen mear froulju harren by Klara en Agnes. Dêrûnder wiene susters, freondinnen, in muoike en ek harren mem dy't widdo woarn wie.

Klara makke mei har moed en Godsbetrouwen in soad yndruk op de minsken fan har tiid. By in oerfal fan de moslims yn it jier 1240 kaam hja de ynfallers mei in monstrâns yn 'e mjitte. Itselde die hja nochris doe't Assisi in jier letter troch it keizerlike leger belegere waard. Dêrom is de monstrâns fakentiden (of somtiden in kelk) oanwêzich by in ôfbyld fan de hillige,

Oant it ein fan har libben bleau Klara yn de klausuer fan it kleaster fan San Damiano, dêr't hja neffens de yn 1216-1217 troch harsels skreaune kleasterregel libbe. Dy regel wie neffens har sizzen ynhâldlik neat oars as "gewoan it evangeelje fan ús Heare Jezus Kristus nei te libbjen". Hja moast oant har dea striidzje foar de erkenning fan "it privileezje fan earmoed"; de paus wie nammentlik fan betinken dat Klara's kleasterregel te streng en net fol te hâlden wie. Pas op 9 augustus 1253, koart foar't Klara ferstoar, joech paus Innocentius IV de erkenning fan de oarder. De bul Solet annuere, wermei't de paus de oarderregel befêstige, waard op 10 augustus oan Klara oerlange. In dei letter ferstoar hja.

Ferearing

 
De tombe fan Sint-Klara yn de Santa Chiara, Assisi

De oarderregel fan de klarissen wie de earste oarderregel yn de skiednis, dy't troch in frou foar froulju skreaun hie. De kleasterregel wie foar dy tiid opfallend demokratysk en lei fral de klam op de eigen ferantwurdlikens fan eltse yndividuele non. Foar in soad froulju yn hiel Europa wie dy regel oantreklik en oeral ûnstiene nije kleasters fan de oarder. De klarissen foarmje njonken de karmelitessen-sûnder-skuon tsjintwurdich de grutste frouljusoarder yn de Roomsk-Katolike Tsjerke.

Twa jier nei har dea op 15 augustus 1266 spriek paus Aleksander IV Klara fan Assisi hillich. Paus Pius XII beneamde Klara op 17 febrewaris 1958 yn in apostoalyske brief ta beskermhillige fan de tillevyzje. Dat ferwiist nei de leginde dat hja ienris fanwegen sykte de nachtmisse net bywenje koe en yn in fisioen yn har sel de hiele tsjinst folgje koe.

Klara wurdt op 11 augustus yn de Roomsk-Katolike Tsjerke, de Anglikaanske Tsjerke en in pear oare protestantske tsjerken betocht. It omskot fan Klara wurd yn de krypte fan de basilika Santa Chiara yn Assisi fereare. Hja wurdt oanroppen foar eachsyktes en koarts.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale von Assisi