Monstrâns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "thumb|200px|<center>''Monstrâns yn it Catharijneconvent, Utert''</center> In '''monstrâns''' of '''ostensorium'''..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 jul 2020 om 20.44

In monstrâns of ostensorium (fan it Latynske monstrare en ostendere; "sjen litte") foarmet ûnderdiel fan it liturgysk reau fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, de Anglikaanske Tsjerke en de Aldkatolike Tsjerke.

Monstrâns yn it Catharijneconvent, Utert

Beskriuwing en gebrûk

De monstrâns is in weardefol sulveren of gouden objekt, fakentiden keunstsinnich bewurke en mei ealstiennen belein. Yn in monstrâns sit in glêzen silinder, wêryn't in konsekrearre hosty ta ferearing plechtich toant wurde kin oan de leauwenden. Der binne ferskillende soarten monstrânsen, ôfhinklik fan it tiidrek wêryn't se makke binne. [Gotyk|Goatyske]] toermonstrânzen hawwe faak de foarm fan in toer, wylst de barokke sinnemonstrânzen fakentiden in stralenkrâns om it glês hawwe.

Eltse konsekrearre hosty kin yn in monstrâns toant wurde, mar yn 'e regel binne it hiele grutte hosty's.

De preester of in diaken hâldt út earbied de monstrâns nea mei bleate hannen fêst. Foar it dragen fan de monstrâns hâldt er de hannen ûnder it skoudervelum. De monstrâns wurdt by it dragen heech holden, sadat de minsken it hillich sakramint allegear sjen kinne. Foar it jaan fan de eugaristyske segen wurdt it Tantum ergo songen.

Skiednis

It gebrûk fan de monstrâns giet werom op Sakramintsdei, dat paus Urbanus IV yn 1264 as ferplicht heechfeest foar de hiele Tsjerke ynfierde en letter troch it Konsylje fan Vienne (1311-1312) befêstige waard. Yn dy tiid wie de monstrâns noch in ienfâldich glêzen objekt mei dêrop in krús. Yn de twadde helte fan de 14e iuw ûnstiene gruttere, toereftige monstrânsen yn goatyske styl. De monstrânsen út de 16e iuw krigen de foarm fan in sinne, sa't dat oant de 19e iuw wenst bleau.

Mei it tanimmen fan de Sakramintsprosesjes yn de 14e iuw en it yn de 15e iuw ûnstiene gebrûk fan it opstellen fan it Alderhillichste op it alter, waard de monstrâns ien fan de meast brûkte liturgyske sierfoarwurpen.

Ofbylden