Klavesimbel: ferskil tusken ferzjes

Gjin feroaring yn grutte ,  1 jier lyn
L
st
L (st)
L (st)
It klavesimbel is nei alle gedachten om 1500 hinne ûntwikkele yn Itaalje, mar ek yn Frankryk waarden al yn de [[15e iuw]] ynstruminten boud mei in tokkelmeganyk. Yn de 17e iuw wie Antwerpen, en ek fierder de Súdlike Nederlannen, ferneamd om de klavesimbels dy't dêr boud waarden. Dizze ynstruminten waarden fral foar keamermuzyk brûkt. Yn Frankryk boude men earst op de Italjaanske manier, mar letter namen de Frânsken de Flaamske bouwize oer. Yn Dútslân boude men om 1700 hinne yn in mingstyl tusken Italjaanske en Frânske ynstruminten. It klavesimbel waard yn orkesten brûkt as dirigear-ynstrumint, mei de lieder fan it orkest, de maestro al cembalo, achter it klavesimbel, mei de oare ynstruminten der yn in heale sirkel omhinne. De fine heldere klank joech dúdlik it tempo oan!
 
It klavesimbel en it klavichord wienen de foarrinners fan de fortepiano, dy't oan de ein fan' 'e 18e iuw stadichoan it plak fan klavesimbel en klavichord oernaam. Mar ek Mozart spile syn grutte klavierkonserten noch faken op klavesimbel.
 
Sûnt yn de [[19e iuw]] de Barokmuzyk wer spile waard, wurde der ek wer klavesimbels boud en bespile. Ien fan de earsten dy't dêr mei begûn, wie de Ingelsman fan Frânske komôf Arnold Dolmetsch (1858-1940). Yn it begjin fan de [[20e iuw]] bouden de firma's Erard, Pleyel en Neupert dizze ynstruminten noch fuortbouwend op de fierder ûntwikkele pianobouwize, mei dikke kastwanden en sûnder boaiem ûnder de kast, Fierders waarden dizze ynstruminten foarsjoen fan tal fan registers om klankferoaringen mooglik te meitsjen. It folume fan dizze ynstruminten wie swak, de klank keal en net botte sjongend.
12.645

bewurkings