Fioele: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L fl
Rigel 12:
Yn'e fioelebou wurde trije perioaden ûnderskieden dy't te meitsjen hawwe mei de bouwize:
 
1550-1780: de '''barokfioele''' of de fioele boud op'e ''âlde manier'': de hals mei de krol is faken in sintimeter koarter as de moderne hals, mar der wie gjin fêste halslingte, der binne ek halzen bekend mei in moderne lingte. Dizze hals stiet rjoch tsjin de klankkast oan, hy is der gewoan tsjinoan spikere, meastentiids mei twa of trije spikers. Om de toets boppe de klankkast te krijen sit der tusken toets en hals in lytse wigge; de toets is meastentiids in twa, trije centimeter koarter as in moderne toets en wurdt faak makke fan fjurrehout, beklaaid mei in hurde houtsoarte. Faak wurdt der ek moai ynliswurk ynlein. Alle snaren wiene fan skieppeterm. Sa'n barokfioele klinkt sachter as in moderne fioele, hat ek mear boppetoanen. Alle ferneamde bouwers út it ferline, lyk as Stradivari en Guarneri bouden harren fioelen op dizze manier.
 
Om ende by 1780 begjint men yn Parys de bou te feroarjen: men wol mear folume hawwe, dus moat de spanning fan 'e snaren heger wurde. Om dy reden begjint men de hals en de toets langer te meitsjen en set de hals yn in lichte hoeke tsjin de kast oan. Ek begjint men de hals yn te litten yn it boppeste halskloske, sadat de hals mear spanning hawwe kin. Under it boppeblêd siet fan âlds de sjongbalke, in balkje fan sa', 23 cm lang, om ende by 7 mm dik en sa'n 8 mm heech; dizze sjongbalke makket it boppeblêd sterker en ferspriedt it lûd oer it boppeblêd. Dizze sjongbalke waard no langer makke, oant 27 cm ta, dikker en heger, wol oan 12 mm ta. De toets waard no ek makke fan ebbehout, sûnder wigge. De kaam waard ek wat heger makke. Troch dizze feroarings klonken de fioelen lûder en koene de nije iepenbiere konsertsealen better bespylje. Sa'n fioele neamt men in " oergongsfioele".
 
Nei 1800 wurdt de hals wat heger boppe de klankkast setten, sadat de toets en de kaam ek wat heger wurde en men begjint ek mear te eksperimentearjen mei snaremateriaal. Sa wurdt de fioele hjoedtedei noch boud. Alle âlde ynstruminten út de 17de en 18de iuw dy 't de muoite wurdich wiene, binne op dizze wize ferboud en oanpast: de hals waard langer makke wêrby' t de âlde krol wer oan 'e nije hals setten waard: de krul foarmet ommers ek de hantekening fan 'e bouwer.