Middellânske See: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 16:
 
== Geografy ==
De Middellânske See foarmet de grins tusken [[Jeropa]] en [[Afrika]] en foar in part ek dy tusken Jeropa en [[Aazje]]. It is fia de [[Strjitte fan Gibraltar]] (tusken [[Spanje]] en [[Marokko]]) ferbûn mei de [[Atlantyske Oseaan]] en fia de [[Bosporus]] mei de [[Swarte See]], dy 't neffens guon betinkens (mar net neffens it deistich spraakgebrûk) ek ta de Middellânske See heart. De ferbining mei de [[Reade See]] is in keunstmjittige en ferrint fia it [[Suezkanaal]] yn [[Egypte]].
 
De Middellânske See kin opdield wurde yn in Westlik Bekken en in Eastlik Bekken. De grins wurdt ornaris lein by it eilân [[Sisylje]], dat mei de tean fan 'e [[Lears fan Itaalje]] en de noardwestkust fan [[Tuneezje]] in natuerlike fersmelling fan 'e see foarmet. Ta de Middellânske See hearre ferskate lytsere seeën, mei dêrûnder yn it Westlik Bekken de [[Alboransee]], de [[Baleaarske See]], de [[See fan Sardynje]], de [[Ligueryske See]] en de [[Tyrreenske See]], en yn it Eastlik Bekken de [[Adriatyske See]], de [[Ioanyske See]], de [[Golf fan Sirte]], de [[Libyske See]], de [[Levantynske See]] en de [[Egeyske See]], wêrfan't dy lêste sels wer de [[Kretinzyske See]], de [[Ikaryske See]], de [[Myrtoaanske See]] en de [[Trasyske See]] omfiemet.