Swierwêzen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 42:
Sawol smoken as it brûken fan alkohol yn de swierens kinne skealike gefolgen hawwe foar de sûnens en de ûntwikkeling fan it net-berne bern. Dochs bliuwt ien op de fjouwer froulju drinken en bliuwt ûngefear ien op de fiif swiere froulju smoken.<ref name="KWF">KWF Kankerbestriding (2003). ''Kinderen? Stop dan met roken!'' Parseberjocht 5 febrewaris 2003</ref>
 
Alkohol kringt troch de plasenta en kin dêrtroch de [[foetus]] skansearje yn alle stadia fan de swierens. Bern dy' t bleatsteld binne oan alkohol yn de swierens gûle mear, sliepe minder, reagearje letter en kalmearje stadiger nei opwining. Se hawwe gemiddeld in leger [[Yntelliginsjemjitting#It IQ|IQ]], mear [[learsteurnis]]sen en sosjale problemen. Sels konsumpsje fan minder as ien glês deis kin liede ta in ferhege kâns op groei-ôfwikings, in miskream en deaberte.<ref name="stap">[http://www.alcoholenzwangerschap.nl Gearfettting fan resinte literatuer oer de gefolgen fan alkoholgebrûk by it swierwêzen en boarstfieding, Stichting alkoholprevinsje]</ref>
 
Bleatstelling oan deiske hege alkoholdosearrings by de ûntwikkeling fan de foetus kin liede ta it [[foetaal alkoholsyndroom]] (FAS). FAS-bern hawwe in groei-efterstân, ôfwikende [[antlit]]skaaimerken en [[neurology]]ske ôfwikings. Relatearre oandwanings binne [[Alcohol-Related Neurodevelopmental Disorder]] (ARND) en [[Alcohol-Related Birth Defects]] (ARBD).<ref name="stap"/> ARND liket op FAS, mar dan sûnder de uterlike skaaimerken en ARBD betreft lichaamlike ôfwikings lykas [[hert]]-, [[bonke (anatomy)|bonke]]- en/of [[orgaan]]problemen.